ChristenUnie skorst riedslid Tytsjerksteradiel nei fertinking sedemisdriuw

De ChristenUnie yn Tytsjerksteradiel skorst it fraksjelidmaatskip fan ien fan de eigen riedsleden. De 52-jierrige Edwin van E. wurdt fertocht fan "verleiding van een minderjarige tot het plegen van ontucht".
Fraksjefoarsitter Douwe Hooijenga joech foarôfgeand oan de riedsgearkomste fan tongersdei in ferklearring:
RTV Rijnmond skreau yn desimber oer in oanhâlding fan in 52-jierrige Fries dy't in 'seksôfspraak' makke ha soe mei in famke fan 11 jier út Rhoon. Doe't de fertochte oankaam, stie net allinnich it famke dêr, mar ek har styfheit. Dy hat klappen útdield. De plysje hat de twa útelkoar helle en de Fries meinaam.
It Iepenbier Ministearje befêstiget dat der op 21 desimber in man oanholden is yn de omkriten fan Rotterdam. De fertinking giet dus om de ferlieding fan in minderjierrige ta ûntucht, net om werklik ûntucht, seit it OM.
It foararrest fan de fertochte is yn jannewaris mei 90 dagen ferlinge. Op 6 april moat de man him foar de rjochter ferantwurdzje.

Fraksjefoarsitter ferbjustere

Van E. wie tydlik riedslid foar de ChristenUnie en stie ek op de kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezingen fan takom maart. Hy is fan de list helle en skorst as fraksjelid.
"De fraksje en it bestjoer fan de ChristenUnie yn Tytsjerksteradiel binne ferbjustere oer it nijs dat ús riedslid Edwin van E. ferfolge wurdt foar in sedemisdriuw", seit fraksjefoarsitter Douwe Hooijenga.
Ik winskje it slachtoffer en belutsen famylje en freonen krêft ta en hoopje dat it rjocht sprekke sil yn dizze freeslike situaasje.
Douwe Hooijenga (fraksjefoarsitter ChristenUnie Tytsjerksteradiel)
"Ik kin my op gjin inkelde wize foarstelle hoe heftich oft it is foar it belutsen slachtoffer, famylje en freonen. Ik winskje se krêft ta en hoopje dat it rjocht sprekke sil yn dizze freeslike situaasje."
Van E. waard op 25 novimber oansteld as tydlik riedslid, as ferfanging fan in riedslid dat troch sykte thús sit. Hy soe oant 17 febrewaris riedslid bliuwe.

Gjin kontakt

Op 6 jannewaris melde Van E. yn in e-mail oan de ChristenUnie-fraksje dat er fanwegen persoanlike omstannichheden syn wurk fuortendaliks dellizze soe en him weromluts fan de kandidatelist foar de kommende ferkiezingen.
"Nettsjinsteande besykjen ha we oant de dei fan hjoed gjin kontakt mear mei Edwin krije kind. Der is ek gjin fierdere dúdlikens kaam oer wêrom't er syn wurk dellein hie."

Reaksje partijfoarsitter

"Een verdenking van een zedenmisdrijf is een van de ernstigste verdenkingen die er bestaan", seit lanlik partijfoarsitter Ankie van Tatenhove. "De verdachte wordt nu geschorst als fractielid, omdat hij niet geloofwaardig kan optreden als vertegenwoordiger van de ChristenUnie."
"De ChristenUnie zet zich ook politiek in om de veiligheid van iedereen, zeker van kinderen en jonge vrouwen, te waarborgen. We tillen er dan ook zwaar aan dat juist één van onze vertegenwoordigers nu van zo'n misdrijf wordt verdacht. We leven mee met het slachtoffer en haar omgeving."