Wurkstraf foar frou út Terwispel dy't jild krigen hawwe soe fan Channing Tatum

Se soe 145.000 euro krigen hawwe fan Channing Tatum, mar it lei efkes oars. It wie krimineel jild fan in Japansk bedriuw dat troch in hack op de bankrekken fan de frou út Terwispel telâne kaam wie. Omdat se in útkearing hie, hie se it opjaan moatten. Se krige in wurkstraf.
Channing Tatum © ANP
De frou út Terwispel (44) dy't twa wiken lyn by de behanneling fan har strafsaak bewearde dat se op ynternet benadere wie troch de Amerikaanske akteur Channing Tatum, is tongersdei feroardiele ta 100 oeren wurkstraf wêrfan 40 ûnder betingst. Se waard feroardiele foar steunfraude.

145.000 euro en yn de bystân

De frou krige yn 2018 ynienen 145.000 euro op har bankrekken. It grutste part fan it bedrach slûze se gau troch nei de sparrekken fan har soan en de bankrekken fan har âlden. De frou siet yn de bystân en hie oan de gemeente trochjaan moatten dat se in grut bedrach oan jild op de rekken hie.

Frijsprutsen fan wytwaskjen

Se waard frijsprutsen fan wytwaskjen fan it jild. It hat neffens de rjochtbank net bliken dien dat de frou op 'e hichte wie fan de kriminele komôf fan it jild. It jild kaam fan in bedriuw út Japan en troch in hack op de rekken fan de Terwispelse telâne. Hoe't de kriminelen by de fertochte yn Terwispel telâne kaam wiene, is net dúdlik wurden.
De frou hie op de sitting ferklearre dat de Amerikaanske akteur Channing Tatum kontakt mei har socht hie. Hy hie har de yndruk jûn dat er har finansjeel helpe woe. Uteinlik soe se bedrige en yntimidearre wêze.