RIVM meldt 1.654 nije coronabesmettingen, noch hieltyd efterstân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.654 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. De efterstân by it registrearjen fan positive coronagefallen is grut. It RIVM meldt net mear alle dagen hoe grut oft dy efterstân is.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM registrearre woansdei 1.381 nije besmettingen, mar it RIVM en de GGD hawwe al mear as in wike muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dêrtroch kinne de sifers bot skommelje.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.353 besmettingen. Woansdei lei it op 1.247 besmettingen, in wike lyn op 835.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Dantumadiel.
Der is ien Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 64.602. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 58.737.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.