Klachten oer komplotteoryen: RUG wol gjin kolleezjes kritysk tinken fan Andringa mear

Nei klachten fan studinten oer it lesjaan yn komplotteoryen mei de Fryske haaddosint Tjeerd Andringa gjin kolleezjes 'kritysk tinken' mear jaan oan it University College Groningen. Dat is in ûnderdiel fan de Ryksuniversiteit Grins.
Klachten oer komplotteoryen: RUG wol gjin kolleezjes kritysk tinken fan Andringa mear
Andringa soe neffens de klachten besykje om de studinten te oertsjûgjen fan in 'alternative wierheid' oer saken lykas corona-faksinaasjes, de oanslach op de Twin Towers en it bewust dom hâlden fan de massa troch de elite.

Mediastoarm

Neffens in wurdfierder fan de universiteit binne de kolleezjes 'Systems View on Life' dy't Andringa fan 7 febrewaris ôf jaan soe, skrast omdat se te min 'akademyske kwaliteit' hawwe soene. Nei in krityske publikaasje yn de Ukrant, de krante fan de universiteit, is de dosint it middelpunt fan in mediastoarm.
Andringa is ek kritysk oer gefolgen lûdsoerlêst F-35's Fleanbasis Ljouwert © Omrop Fryslân

Andringa kiest der dêrby foar om foarearst net op alle krityk te reagearjen. "Ik houd me een week gedeisd en ga dan het ontstane patroon analyseren", sa lit de dosint en ûndersiker witte.

Lûdsoerlêst F-35

Andringa (57) is berne yn Ljouwert, opgroeid yn Beetstersweach, promovearre yn wiskunde en natuerwittenskippen en groepslieder Soundscape & Auditieve Cognitie. Hy stiet bekend as in baanbrekkend spesjalist op it mêd fan akoestyk, lûdswaarnimming en it effekt dêrfan op minsken. Yn dat ramt liet er him it ôfrûne jier kritysk út oer de gefolgen fan de lûdsoerlêst fan F-35-fleantugen op de Ljouwerter fleanbasis foar minsken en bisten.

Gjin trochsneed dosint

Andringa is seker gjin trochsneed dosint. Yn syn profyl neamt er himsels in 'ûnôfhinklike tinker'. As sadanich hat er ek in reputaasje opboud ûnder syn studinten. Njonken kritisy binne der ek studinten dy't mei him weirinne en fine dat se in soad oan syn kolleezjes hân hawwe.
Nei oanlieding fan klachten fan studinten yn 2020 hat de universiteit de kolleezjes 'kritysk tinken' fan Andringa in skoft kritysk folge en besletten dat er dat fak net mear jaan mei. De universiteit folget ek de oare aktiviteiten fan Andringa kritysk en sil dêr yn de rin fan dit stúdzjejier in beslút oer nimme.

Antysemitisme en kakistokrasy

Wat Andringa troch de studinten dy't oer him klagen ferwiten wurdt is net mis. Der wurde wurden brûkt as 'antysemitisme' en ek it propagearjen fan ideeën oer 'kakistokrasy', in systeem wêrby't de skurken it foar it sizzen hawwe en dêr ek misbrûk fan meitsje.
Andringa is in folslein autonoom tinker. As eltsenien faksinaasjes en coronamaatregels bepleitet, dan past it hielendal by Andringa om dêr krityske fraachtekens by te setten dy praktyk ek yn it iepenbier te betwiveljen.
Mar neffens guon studinten soe Andringa hjir te fier yn gien wêze en harren syn miening oplizze. Dat lêste mei fansels net, want ek studinten moatte frij wêze om har eigen miening te foarmjen, ek as dy yngiet tsjin de miening fan de dosint.
Harkje nei ús berjochtjouwing oer Andringa