Liveblog | 27 jannewaris 2022

Coronanijs 27 jannewaris: Polsbantsjes werom, gruttere terrassen bliuwe yn Ljouwert

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • De NS lit flink minder treinen ride troch sykte en karantêne by personiel;
  • Yn Fryslân binne 1.654 besmettingen fêststeld, it deistich trochsneed oer 7 dagen is 1.353;
  • GGD: yn Fryslân noch gjin grutte efterstannen yn it trochjaan fan testútslaggen;
  • Tûzenen bedriuwen yn it lân moatte leanstipe werombetelje;
  • Der lizze 12 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, fan har 7 op de IC.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 27 jannewaris 2022, 21:11
23:00

Dat wie 'm

Hjirmei slute we it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
21:10

Net foar it earst dat in wedstriid fan de Feanfroulju net trochgiet

19:41

Terrassen Ljouwert hâlde mear romte

De regeling foar ekstra romte dy't de terrassen yn de gemeente Ljouwert brûke meie, jildt noch foar it hiele jier 2022. Sûnt it begjin fan de coronakrisis meie hoarekasaken mear romte brûke foar harren terras, sadat de minsken op it terras makliker ôfstân hâlde kinne. Dy regeling soe op 1 april ôfrinne, mar wurdt no ferlinge oant en mei ein dit jier.
Terras by de Kelders yn Ljouwert © ANP
De FNP hie de fraach yntsjinne by boargemaster Buma. Dat soe in moasje wurde, mar dat hoegde net mear, doe't Buma tasei dat er dernei sjen soe.
Yn guon gefallen jilde noch wol útsûnderingen. Sa moatte de terrassen net mear romte brûke as tasein wurdt en yn de dagen fan it evenemint Bosk is der minder mooglik.
18:00

Lanlik wer mear reguliere soarch mooglik

Ut sifers fan de Nederlandse Zorgautoriteit docht bliken dat sikehuzen wer mear reguliere soarch jaan kinne trochdat it tal coronapasjinten yn de sikehuzen ôfnimt. Dochs kin lanlik noch wol 24 persint fan de krityk planbere soarch net op tiid levere wurde. Dy soarch moat eins binnen seis wiken, oars ûntstiet der sûnensskea dy't net werom te draaien is.
17:14

NS: minder treinen, in soad personiel thús troch corona

Fan 7 febrewaris ôf lit de NS minder treinen ride. Dat komt om't der hieltyd mear meiwurkers thús sitte: yn isolaasje mei in coronabesmetting of yn karantêne om't ien besmet is dêr't sy kontakt mei hiene.
Wêr't oars seis treinen de oere ride, wurde dat der fjouwer. Wêr it fjouwer binne, wurde it twa. Dat soe foar bygelyks de ferbining tusken Ljouwert en It Hearrenfean betsjutte dat der noch mar twa kear de oere in trein rydt yn stee fan fjouwer kear.
Sa wol de NS de syktemeldingen opfange. De maatregels folgje stap foar stap; op 21 febrewaris wol de NS alle oanpassingen trochfierd hawwe.
© ANP
16:54

Cambuurdirekteur Ard de Graaf oer it maksimum tal taskôgers: