Muzikaal duo Marian en Marita út Haulerwyk krije beide in lintsje

Marian Nesse en Marita Kruijswijk fan Haulerwyk ha beide in lintsje krigen. Se sette harren al jierren yn foar de Stellingwerfske kultuer.
Sjoch hjir hoe't Marian en Marita út Haulerwyk spylje en sjonge:
It lintsje is foar in soad aktiviteiten dêr't se har foar ynsette lykas flechtlingewurk, de oanlis fan in Stellingwerfpad en it skriuwen fan in boek.

Muzikaal duo

Se meitsje ek muzyk út de midsiuwen. Dêrmei stean Marian en Marita op festivals. Se begeliede harsels mei in 'skalmei' en in akkordeon.
Marita Kruijswijk (links) en Marian Nesse © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Marita Kruijswijk bespilet de skalmei, in soarte fan hobo. "Het instrument is lang geleden in de middeleeuwen is meegenomen uit het Midden Oosten door de mensen die kruistochten deden. Die ontdekten het daar. Toen werd het steeds populairder in Europa." Marian Nesse spilet de akkordeon. "We combineren het oude met het nieuwe."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

'Onverdiend lintje'

Dat se no beide in lintsje krigen hawwe, fernuveret se. "Het is een beetje raar. Je verwacht dat een lintje gaat naar iemand die zich helemaal opoffert, maar wij beleven zoveel plezier aan de dingen die we doen en hebben gedaan. Het voelt onverdiend."
Se binne beide beneamd as lid yn de Orde van Oranje-Nassau.
It boek dat se makken giet oer Nederlânske jierfeesten, lykas Sinteklaas. "Daar zitten trouwens ook Friese en Stellingwerver tradities bij, We beschrijven de geschiedenis, de veranderingen en wat er nog van over is. En de liederen die bij dat feest horen, en dan vooral de onbekende liedjes."
Marian Nesse en Marita Kruijswijk oer harren lintsje