Nederlân komt wer fan 't slot, foar de artysten feroaret neat

It coronabelied mei ferromme wêze, mar foar in soad minsken yn de kultuersektor betsjut it neat. Se kinne troch alle beheiningen kwealik oan it wurk. In soad wurkje as zzp'er en krije amper stipe fan de oerheid.
Nederlân komt wer fan't slot, foar de artysten feroaret neat
"Ik lústere nei de parsekonferinsje en tocht: Der wurdt dien dat der in grut geskink komt, mar feitlik is dat net sa", seit basgitarist Jan van Olffen. Hy sit dan ek noch thús.

Soldaat van Oranje noch net op de planken

De produksje dêr't hy al jierren yn meispilet, Soldaat van Oranje, komt foarearst noch net op de planken. "Dan hearre je dat der 1250 man by meie, mar dan wol op oardel meter. Dan hast in tredde sealbesetting. Dat is net rendabel."
Soldaat van Oranje © ANP
Dat jildt net allinnich foar de langstrinnende produksje yn Nederlân seit Van Olffen. "De measte grutte produksjes ha hjir hielendal neat oan."
Hy hopet yn maart wer spylje te kinnen: "Ja, dêr hoopje ik echt op. We binne hiel goed op inoar ynspile. De foarige kear ek. Doe koest hast 'over-enthousiasme' fernimme by de crew."
Froukje Kits © Froukje Kits
Sjongeres Froukje Kits fan Ljouwert hopet ek gau wer op de planken te stean mei har band Boulevard. "Foar ús is no neat te dwaan. Kongressen en feesttinten binne noch hieltyd net iepen dus kin dat net." Op it stuit wurket se wer yn in kleansaak.

Puzel

Doe't dy fanwegen de lockdown ticht moast, wie se oan it wurk by de GGD om te helpen by de boosterkampanje. Se docht ek boekingen foar in produksjebedriuw. "It is hiel omslachtich allegear. We binne hieltyd oan it puzeljen fan wat wol en net kin. Guon foarstellingen spylje we twa kear op in jûn. Dy moatte no opsplitst wurde."
Foar nije produksjes is it dreger. "Der binne net folle kaarten ferkocht. Minsken doarden net, om't se eins net witte wêr't se op rekkenje koene. It is te dwaan, mar we witte noch hieltyd net wannear't de kaartferkeap no begjint te rinnen."
Faske © ESNS
Fasil Kuipers, ek wol bekend as Faske, hat mingde gefoelens oer de ferrommingen. "An de ene kant kinne wij, as band, 'n aginda make. Maar 't is heel lastig plenne, om't je niet wete at 't wel deurgaat en hoefeul mînsen in de saal binne. 't Blyft dan finansjeel spannend at je d'r 'n leuk stikky bôl an over houwen gaan of dat 't 'n goeie erfaring is."

Lûdstechnikus mei op toer kin net út

It betsjut foar Faske ek dat hy noch net al te bot ynvestearje kin: "Wij speule nou in klaine salen met wainig besetting. 'n Geluudstechnikus annimme om met te gaan op tour kin gewoan niet út."
Dochs giet it him goed op it stuit. Syn aginda rint fol en stil hopet hy útnûge te wurden foar in grutter festival. "Dat hangt wat ôf fan hoe't de nije single 't doen gaat fan't maityd."