Eufory by de wetterfytsers; se ha de Alvestêdetocht folbrocht

Tobias Pieffers út Rhenen en Iciar van den Berg út België binne woansdei ein fan de middei yn Ljouwert op de wetterfyts oankaam. Se wienen sneintemoarn ôfset, mei as doel om de Alvestêdetocht te folbringen. Dat is dus slagge.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Om healwei seizen kamen se oan ûnder de blau ferljochte bôge fan de Alvestêdetocht dy't by de finish oan de Bonkefeart yn Ljouwert stiet.
Beide mannen binne hiel bliid dat se it helle hawwe. "Ik heb wel een beetje een probleem met mijn zitvlak", seit Iciar van den Berg. "Door de euforie voel ik dat nu even niet. Ik ben echt superblij. Ik wist niet of we het zouden volbrengen."
We moesten zo hard trappen, dus echt koud hebben we het niet gehad.
Tobias Pieffers
Ek by Tobias Pieffers is de eufory grut. "Toen we net waren begonnen en de eerste tien kilometer hadden gedaan, heb ik me echt afgevraagd of dit wel zou gaan lukken. We hebben het onderschat en toch zijn we gefinisht, waanzinnig."
It waar wie net hiel noflik de lêste dagen, mar kâld ha se it net hân. "We moesten zo hard trappen, dus echt koud hebben we het niet gehad", seit Tobias Pieffers. "Nou gaan we eerst een warme douche of bad opzoeken en een warm bord eten."

Gastfrije Friezen

By de finish stie ek wat publyk "Zelfs de man waarbij we gisteren hebben geslapen. De Friese gastvrijheid is geweldig. We zijn erg gesteund."
Mei de aksje ha se jild ophelle foar it Wereld Natuurfonds om sa omtinken te freegjen foar de klimaatproblematyk.
Yn juny dit jier sil de freoneploech fan Team Wybe op in eigenmakke wetterfyts de Alvestêdetocht ôflizze om jild op te heljen foar ûndersyk nei kanker.