Soad krityk fan Provinsjale Steaten op Enerzjyprogramma 2022-2025

Provinsjale Steaten binne bysûnder kritysk oer it Enerzjyprogramma foar de kommende fjouwer jier fan deputearre Poepjes. Dit programma wol mei 27 aksjes ynsette op skjinne enerzjy lykas sinne-enerzjy, grien gas en akwatermy. Der kamen mar leafst 27 moasjes om it programma oan te skerpjen.
© Omrop Fryslân
Ferskate opposysjepartijen misse konkrete doelstellingen yn it programma. Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie stelde dêrom oan it begjin fan de gearkomste sels foar om it Enerzjyyprogramma fan de aginda ôf te fieren. It mei dúdlik wêze: Wiebo de Vries is net entûsjast oer it programma.
"Ik ha it sels teloarstellend neamd. As je mei in programma komme en net sizze wêr't dat ta liede moat, dan fyn ik dat der wol wat ûntbrekt. It is net dúdlik hoe't we de aksjes behelje moatte. In aksje sûnder doel is in skipper sûnder stjoer."

Miste kâns

It late ta tsientallen moasjes. "It stik is net klear. Yn it stik wurdt oandacht bestege oan grien gas, mar ik lês net werom fan hoe, wat en wêrom. Nim sinne-enerzjy, yn Fryslân kin in fermogen fan 2.2 Gigawatt dellein wurde. Ast dêr tsien prosint fan realisearret, kinst krekt wat mear as 50.000 húshâldingen fan stroom foarsjen. Ik fyn it in miste kâns dat we net mei elkoar útsprekke kinne dat we foar in bepaald doel gean."
Der binne soargen oer de kapasiteit fan it elektrisiteitsnet. Neffens De Vries kin enerzjy opslein wurde, yn de foarm fan thúsbatterijen.
Wiebo de Vries

27 Moasjes

Deputearre Sietske Poepjes sei ta dat se de stappen op it mêd fan duorsume enerzjy konkreet meitsje sil yn jierprogramma's. Fan Provinsjale Steaten moat se hjirby goed rekken hâlde mei minsken mei in smelle beurs en derfoar soargje dat projekten op it mêd fan akwatermy en wetterstof fan 'e grûn komme.
Provinsjale Steaten kamen woansdei mei mar leafst 27 moasjes om it Enerzjyprogramma oan te skerpjen. Poepjes hie dêr gjin muoite mei. It is neffens har krekt de bedoeling dat de Steaten rjochting jouwe oan de enerzjytransysje. "It enerzjyprogramma is in programma op haadlinen. Ik bin hiel bliid mei alle winsken en plannen dy't de steaten meijouwe."
Deputearre Sietske Poepjes