FIDEO: Lêze, lêze, lêze: bern yn Winsum dogge mei oan nasjonale foarlêswike

In jonkje betinkt in meunster dy't er fange moat foardat hy sliepe kin, mar der komme hieltyd mear meunsters by. Dit ferhaal 'Maar eerst ving ik een monster' is it printeboek dat sintraal stiet yn de nasjonale foarlêswike dy't woansdei úteinset. Lêzen en taalfeardigens wurde ekstra stimulearre. De skoalbern fan basisskoalle It Bynt yn Winsum dogge ek mei.
iepening foarlêsdagen