Drokte by gruthannel no't hoareka wer iepen mei: frachtweinen betiid op paad

Gruthannels dy't oan hoareka leverje, belibje dizze woansdei in topdei. By Krikke yn Grou is op dizze earste dei fan de ferrommingen it dûbele oantal frachtauto's op 'en paad om guod te leverjen oan kafees en restaurants yn Noard-Nederlân.
Fleis by gruthannel Krikke yn Grou © LEO Middelsé, Ilona de Vries
Krikke hie al rekken hâlden mei de weriepening fan de hoareka en hie de produksje alfêst opstart.
"Al yn it wykein waard sein dat de hoareka mooglik iepen soe, dus doe binne we al begûn te skeakeljen. We ha kontakt mei klanten opnommen oer watfoar produkten se op de kaart setten. Guon ha yn de lockdown krekt in oare menukaart betocht," seit direkteur Ivo Krikke.
Sels wie er dizze dei al om healwei seizen yn it spier. "It team wie doe al dwaande. It is in hiele opjefte foar ús klanten, de koks, om alles op 'e tiid iepen te krijen. It is in heuchlike dei dat we wer iepen kinne en gastfrij wêze kinne." Yn it wykein hat syn bedriuw al kontakt socht mei leveransiers om alles op 'e tiid nei de klanten te krijen. "Dat is slagge, alles is levere wat de klanten nedich hawwe."

Drege tiid yn lockdown

Krekt as de kafees en restaurants hat de gruthandel in drege tiid hân yn de lockdown. "De skea fan de lockdown is behoarlik. We tochten dat we mei de krystdagen iepen wêze koenen, dus we hienen kilo's fleis ynkocht. Dat moatst al yn oktober, novimber ynkeapje. In wike foar de feestdagen hearden we dat de hoareka ticht moast. En dan sitst mei al dat fleis datst net ferkeapje kinst. In part moatst ôfwurdearje, in diel kin yn de friezer of soms koenen we mei de klanten ôfprate dat se it letter ôfnimme soenen." Hy rûst de skea op in ton.

Tekoart oan personiel

Krikke sjocht de takomst posityf temjitte en ferwachtet net wer in nije lockdown. "Dat kin de merk ek net oan. En der is no al in tekoart oan personiel. In soad minsken ha in oare baan fûn. Ek by myn klanten binne der guon dy't noch net iepen gean om't se gewoan gjin personiel hawwe. En de emosjonele skea is ek grut."
Ivo Krikke