HEA! Wietse Niek & Reinder sykje skatten

Reinder van der Woude (14) en Wietse Niek Meijer (10) út Hantum gean geregeld mei de metaaldetektor it lân yn om te sykjen nei skatten. Reinder waard fia syn heit en broer besmet mei it firus, en sa kaam Wietse Niek ek mei de hobby yn oanrekking. De earste kear dat Wietske Niek in sulveren munt fûn moast er hast gûle fan gelok. "Ik hie al in moanne socht en einlik hie ik in skat."
HEA! Wietse Niek & Reinder sykje skatten