Slim bedriuwsûngelok by wurksumheden op de Ofslútdyk

Op de Ofslútdyk hat woansdeitemoarn in slim bedriuwsûngelok plakfûn. Dat barde oan de Iselmarkant fan de dyk, krekt foar Koarnwertersân. Der is yn alle gefallen ien persoan swier ferwûne rekke.
De lokaasje fan it ûngelok © Camjo Media
De helptsjinsten waarden om sânen hinne alarmearre foar in persoan te wetter. De brânwacht fan Harns, Wytsmarsum en dûkers út Snits waarden ynset om help te ferlienen.

Ek ferskate ambulânses út Fryslân en Noard-Hollan kamen te plak foar earste help. Op de lokaasje fan it ûngelok wurdt mei ferskate pontons en graafmasines wurke oan de Ofslútdyk. Tsjûgen melde dat der mooglik in persoan yn it wetter fallen is.

Tastân slachtoffer ûnbekend

De plysje wol neat sizze oer wat der krekt oan de hân wie en wat de tastân fan it slachtoffer is, wol dat der sprake wie fan in bedriuwsûngelok.