Ried fan Steat kart gaswinningsplan yn it noarden goed

It winningsplan wêrmei't de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) gas wint út alve gasfjilden yn Drinte, Fryslân en Grinslân is goedkard troch de Ried fan Steat.
© ANP Foto
Gemeenterieden fan ferskate gemeenten, de wurkgroep Stop Gaswinning Marsdijk Nu en de stichting Natuur en Milieufederatie Drenthe hiene beswieren tsjin yntsjinne, mei as doel it plan tsjin te hâlden.

Wetlik middel

It plan wie earst net foldwaande ûnderboud. Yn in tuskenútspraak yn desimber 2020 krige doedestiids minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat de opdracht om dizze ûntbrekkende stikken yn it plan dochs noch ta te heakjen en ûnderdielen better te motivearjen.
Yntusken is dat wersteld, oardiele de Ried fan Steat, wêrtroch't de NAM mei it winningsplan no definityf de gaswinning trochsette kin. De kâns om in plan te werstellen, lykas no barde troch de minister, is in wetlik middel.

Net mei iens

It beslút om gas te winnen yn alve gasfjilden is no better motivearre, oardiele de Ried. Dêrneist hat de minister foarskriften oanpast by it gaswinningsplan. Dêrtroch is no ûnder mear fêstlein dat in "deskundige partij" binnen in jier de huzen en gebouwen yn de omjouwing fan de gasfjilden ûndersykje sil. Dit moat in byld jaan fan gebouwen dy 't gefoelich wêze kinne foar mooglike boaiembewegingen, feroarsake troch de gaswinning.
Wurkgroep Stop Gaswinning Marsdijk NU, de kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan ûndermear Ooststellingwerf en Weststellingwerf, en in ynwenner fan Drinte hawwe oanjûn dat se harren net fine kinne yn dizze oanpassingen fan de minister.