Wetterstân hinderet skippers

22 nov 2011 - 12:41

Fryske binnenfeartskippers ha slim lêst fan de ekstreem lege wetterstannen yn de grutte rivieren. Se kinne noch mar de helte fan de lading meinimme en moatte hiel hoeden farre. De wetterstân yn de Ryn bygelyks komt al gefaarlik ticht yn de buert fan it leechterekôr fan augustus 2003. De problemen hâlde oan, want ek kommende wike wurdt mar in bytsje rein ferwachte.

Neffens skipper Anno Hoekstra fan Warten is it no ekstra drok op de rivieren, omdat der mear skippen nedich binne om de lading te ferfieren. No 't it ek noch sa mistich is, moat de skippers ekstra foarsichtich wêze.

Trefwurden: 
binnenskippers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)