Te min bern nei technysk VMBO

© Omrop Fryslân
It technysk VMBO-ûnderwiis is noch altyd net botte populêr. Wurkjouwersorganisaasjes liede de needklok. De fraach nei goed oplaat technysk personiel is grut, wylst hieltyd minder skoalbern foar in technyske oplieding kieze. As de ynstream fan nije VMBO technyk-learlingen noch fierder ôfnimt slute skoallen mooglik har technykôfdielings.