Teäterdirekteur Titia Huisman: "Pas echt bliid as dy oardel meter der ôf kin"

Yn de kulturele sektor is blydskip oer de ferrommingen fan de coronamaatregels dy't premier Rutte en minister Kuipers tiisdeitejûn ôfkundige ha, mar bliuwt it wrakseljen mei de oardelmeterregel.
Titia Huisman, direkteur fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
Op de coronaparsekonferinsje waard bekend makke dat hoareka, kultuer en eveneminten wer los meie. Se meie iepen oant tsien oere jûns en dat is twa oeren letter as earder tocht waard.
Direkteur Titia Huisman fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer is foarsichtich entûsjast. "Wij binne pas echt wer bliid as we gewoan fol en ûnbeheind iepen meie, dat is dúdlik, mar tsien oere is better as acht oere. Dat betsjut dat in oantal foarstellingen wat nei foaren skood wurde moatte, as dat kin, en dat sille we dan ek dwaan."
© Omrop Fryslân, Janko Krist
De slutingstiid is lykwols net it grutste probleem, fynt Huisman, mar de oardelmeterregel wol. "Minsken moatte op oardel meter ôfstân sitte en dat betsjut dat we op 'e nij ûngefear 25 persint fan ús kapasiteit út nutsje kinne. Dat is echt in grut probleem, want dêr krijst it noait rendabel foar. Der binne ek artysten dy't sizze: foar sa'n bytsje minsken wol ik net spylje. Dus wy binne pas echt bliid as dy oardel meter der wer ôf kin."
Mei de oardelmeterregel kin it perfoarst net út, seit Huisman. "Foar De Koornbeurs betsjut dat dat we tusken de 86 en de 92 minsken ha kinne yn stee fan 425."

Mear kaarten ferkocht

Boppedat moatte der no ek minsken teloarsteld wurde, want der binne foar guon foarstellingen al folle mear kaarten ferkocht as dat der publyk by wêze mei. Dy foarstellingen wurde troch De Koornbeurs ferpleatst, annulearre of op 'e nij yn de ferkeap dien.
Direkteur Titia Huisman fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer