Operaasje Fryske Flagge: Gary Kooistra socht it aventoer yn Kanada

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Gary Kooistra út Kanada wei.
© Omrop Fryslân
Gary en Sandy Kooistra groeiden op yn Aldegea (Smellingerlân) as Grietzen en Sippy, mar wenje yntusken al sa'n 40 jier yn Cochrane, yn Kanada.

Fan Spannenburch nei Kanada

"Doe't wy noch net troud wiene hiene wy it der al ris oer dat wy nei Kanada ta woene. Earst diene wy oare dingen. Ik wurke oan de wetterliedingen, op it stasjon by Spannenburch. Mar somtiden sieten je mar wat neat te dwaan om't der net altyd wurk wie. Doe sei myn frou: wêrom geane wy net nei Kanada?", fertelt Gary.
It idee om te emigrearjen wie der dus al lang. It pear frege it oan, mocht by de ambassade komme foar in talittingspetear en net folle letter mochten Gary en Sandy mei harren twa soannen fan 3 en 6 jier al ferhúzje.
"Us âlden fûnen it wol spitich", fertelt Gary. "Myn skoanmem hielendal, want sy wie allinne. Mar sy hat hjir ek west."

Cochrane

De kar foar Kanada kaam net út de loft fallen. "Yn 't foar hiene wy hjir al ris op fakânsje west. En myn suske wenne hjir al yn Kanada, dêr hawwe wy wol west. Wy hawwe de omkriten ferkend en sa kamen wy ek hjir yn Cochrane." Beiden hiene soks fan: as wy ea emigrearje, dan wolle wy nei Cochrane.
Earst wie de húshâlding efkes út fan hûs by de sus fan Gary, mar net al te lang dêrnei koene sy sels in hûs keapje. Ek in baan wie al gau fûn.
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
Eins hat Gary de rest fan syn wurklibben as elektrisien wurke yn de wentebou en letter yn it ûnderhâld fan ferskate fabriken. It bedriuw dêr't hy foar wurke hie fabriken yn Calgary, Montreal, Toronto en Vancouver, mar ek ien yn Brazilië. Dêr hat de famylje ek noch in skoft wenne. Mar doe't it kontrakt dêr ôfrûn wie, binne sy gau weromgien nei Kanada.

Wenje op in heuvel

Sy fine it beide noflik om yn Kanada te wenjen. It pear wennet de lêste 16 jier yn in hûs op in heuvel. "Wy sjogge oer it lân en in rivier. Wy kinne de wrâld hjir prachtich moai oer sjen," seit Gary.
Gary Kooistra út Kanada wei
Sa no en dan geane Gary en Sandy nochris werom nei Fryslân. "Dat dogge wy geregeld, efkes werom, nei de famylje ta. Je binne yn Fryslân berne en Fryslân bliuwt altyd noch in bytsje yn it hert sitten."

Frysk prate

Yn Fryslân wenje, dat sit der net mear yn. Sy binne yntusken beide Kanadees en it langstme nei Fryslân is net sa grut dat sy weromkomme wolle. Mar de bern binne de doar út en dus prate Gary en syn frou thús wol wer hieltyd mear Frysk mei inoar.