De toan fan Peter Sijtsma: "Op 'e frou ôf"

"De posysje fan de frou stiet de lêste twa wiken behoarlik sintraal. It begûn fansels mei de skandalen by The Voice. Media ûntploften: se praten en spekulearren oer seksueel wangedrach, oer mooglike dieders, oer it fertriet en de skamte fan slachtoffers, oer minsken dy't fan de misstannen ôfwisten, mar it delbêden of harren stilhâlden.
Ek de reaksje fan John de Mol op de útstjoering fan Boos en de relaasjebreuk fan showbizzkeninginne Linda de Mol en muzikant Jeroen Rietbergen docht in soad stof opwaaien. Linda de Mol hat ferskillende rollen. It is dan ek net raar dat de folgjende edysje fan har tydskrift LINDA., mei it tema 'Gelukkig Gescheiden' foarearst efkes útsteld is.
In oare aktualiteit is de oprop fan ôfrûne moandei oan alle froulju om harren foarnamme op LinkedIn te feroarjen yn Peter. Ut ûndersyk docht bliken dat der yn Nederlân mear CEO's, chief executive officer, oftewol direkteuren, foarsitters en hege managers binne mei de foarnamme Peter as dat der froulju binne dy't CEO binne.
Belange-organisaasjes WOMEN Inc. en BrandedU, dy't stribje nei emansipaasje en diversiteit yn de mienskip, wolle de ûngelikense ferhâlding tusken man en frou op de wurkflier oanpakke. Sy stelle: "Vrouwen zijn sterk ondervertegenwoordigd in besluitvormende posities en hebben hiermee een stuk minder invloed dan mannen. Daarom roepen we alle vrouwen op om in de week van 24-28 januari hun naam in Peter te veranderen op LinkedIn."
Twa ûnderwerpen dy't beide mei de penibele posysje fan de frou te krijen hawwe. Tema's mei elts harren eigen útdagings, mar dy't ek ferbân mei-inoar hâlde, om't de machtsferhâlding tusken man en frou op it wurk trochlutsen wurde kin nei seksueel wangedrach.
Beide moatte absolút oanpakt wurde. It is op gjin inkelde wize goed te praten dat der oer de seksuele grinzen fan froulju (en likegoed fan manlju) hinne gien wurdt. En it is ûnbegryplik dat froulju yn West-Europa anno 2022 sa'n 30 prosint minder betelle krije foar itselde wurk en dat sy noch altyd foar in grut part opdraaie foar it húshâlden en it soargjen foar de bern.
De hiele mienskip moat mei dizze tema's oan it wurk. Mar hoe sette je eins feroarings op it gebiet fan frouljusemansipaasje yn gong? Ald-Omropkollega Welmoed Sijtsma, no bekend as presintator fan Goedemorgen Nederland en Op1, makke yn augustus 2020 de dokumintêre 'Op de vrouw af'.
Presys 50 jier nei de protesten fan de feministyske aksjegroep Dolle Mina yn 1970. Mei Hilmar Mulder, de haadredakteur fan frouljusblêd Libelle, ûndersocht Welmoed wat der sûnt de twadde feministyske weach feroare is foar de frou, en dêrmei yn wêzen ek foar de man.
De earste feministyske weach yn Nederlân wie fan 1870 oant 1920. Yn dy tiid waard striden foar kiesrjocht foar froulju en it ferkrijen fan tagong ta ûnderwiis en betelle wurk. De twadde feministyske weach wie yn de jierren 60, 70 en 80 fan de foarige iuw. Welmoed en Hilmar praten mei froulju dy't har sûnt de jierren 60 ynset hawwe foar frouljusrjochten. Se blêdzje troch tsientallen jiergongen fan de Libelle en sjogge dat de frouljusblêden ynsjoch jouwe oer de posysje fan de frou troch de tiid hinne.
Yn de jierren 50 en 60 liezen froulju artikels oer hoe't se it harren echtgenoaten sa oangenaam mooglik meitsje koenen as keurige, deeglike húsfroulju en memmen. Mar ein jierren 60 gong it roer radikaal om. Mei troch de antykonsepsjepil en de bystânsútkearing foar froulju kaam der in wiere seksuele revolúsje.
Seksueel genot en baas yn eigen búk wienen belangrike tema's, mar ek berne-opfang, abortus, stúdzjekânsen en jawol: de likense beleanning fan manlju en froulju op de wurkflier. De Dolle Mina's krigen yn 1970 de kâns om yn de Libelle dúdlik te meitsjen wêr't sy foar stienen. In soad froulju fielden har yn dy tiid stipe troch de Dolle Mina's.
Welmoed giet fierder mei har tiidreis en komt oan yn de jierren 90 en de zero's. Neffens meiwurkers fan de magazines Viva, Nouveau en Cosmopolitan is dat it tiidrek fan de feministen op hege hakken, 'Beauty with Brains' sa't se te sjen binne yn searjes as Sex and the City en Gooische Vrouwen, dêr't trouwens Linda de Mol ien fan de haadrollen yn spilet.
Yn de lêste tsien jier is de happy single lykwols omslein yn in frou mei singleskamte. Skamte dy't minsken fiele om't se single binne en net foldogge oan it ideaalplaatsje fan in relaasje.
It docht mar bliken dat elts desennium syn eigen útdagings en tema's hat. Al wit ik seker dat seksueel wangedrach fan alle tiden is. Hoe dan ek: dit tiidrek kin en mei net langer om de #metoo-diskusje hinne.
Grinsoerskridend seksueel gedrach en likegoed ûngelikense posysje fan man en frou op de wurkflier moat heech op de aginda komme. Frouljustydskriften, lykas LINDA., kinne dêr in grutte rol yn spylje en meiwurkje oan in tredde feministyske weach.
En dêrom hoopje ik oprjocht dat Linda de Mol har eigen magazine brûkt om wiidweidich omtinken te jaan oan dizze tema's. Ik kin my sa foarstelle dat sy op dit stuit fol fertriet en ferslein op de bank sit om har eigen persoanlike malêze, mar miskien kin sy har magazine dan de kommendje edysje útbringe ûnder de namme PETER."