Warskôging foar oplichters

22 nov 2011 - 10:33
  • Warskôging foar oplichters

De plysje warskôget ûndernimmers wach te wêzen fanwege in lanlik operearjende binde oplichters. Dy bestelt guod by bedriuwen en lit dat ophelje troch in koeriersbedriuw. Dat wurdt dien neidat in ferfalske betellingsbewiis toand is. Fjouwer ûndernimmers yn Fryslân binne yntusken it slachtoffer wurden fan de binde. Dy bestelden by har ûnder oare meubels en djoere jassen.

De plysje warskôget ûndernimmers allinne guod te leverjen as se wis binne dat der jild oermakke is.

Trefwurden: 
oplichters
(advertinsje)