Liveblog | 26 jannewaris 2022

Coronanijs 26 jannewaris: Optrede foar artysten bliuwt lestich

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It kabinet hat ferrommingen oankundige foar hoareka, kultuer en eveneminten;
  • Yn Fryslân waarden woansdei 1381 nije coronabesmettingen fêststeld, achterstân RIVM yn de sifers rint hieltyd fierder op;
  • Musea en hoareka meie wer iepen: "Superbliid";
  • Foar artysten feroaret der (hast) neat;
  • Gruthannel hat it smoardrok;
  • Teloarstelling by Cambuur fanwege beheind tal supporters.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 26 jannewaris 2022, 22:20
22:17

Ein fan dit liveblog

Hjirmei slute we it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde we ús wer.
21:46

Kuipers: mooglik ekstra booster nei Janssen foar besite Dútslân

Minister Kuipers sil de Gezondheidsraad freegje oft minsken dy't it Janssen-faksin hân ha in ekstra booster krije kinne, sadat se meikoarten wolkom binne yn Dútslân. Yn dat lân binne ien Janssen-prik en in booster net foldwaande foar in coronapas. Dêr is in tredde faksinaasje foar nedich.
19:21

Plan om mear personiel foar hoareka em toerisme op te lieden

De provinsje, mbo's en ûndernimmers gean in gearwurkingsferbân oan om mear personiel op te lieden foar hoareka en toerisme. Dy sektoaren hawwe te krijen mei flinke personielstekoarten.
Troch de coronakrisis ferlit in soad personiel de hoareka. Se sille bygelyks oan de slach by de GGD. In soad minsken komme ek net werom no't de hoareka wer iepen giet.
18:08

Twadde Keamer wol witte oft coronatagongsbewizen wol nut hawwe

In grut part fan de Twadde Keamer fynt dat it kabinet better útlizze moat hoe't de coronatagongsbewizen de kommende tiid nije besmettingen foarkomme kinne. Ferskate fraksjes wize derop dat yn hoareka, eveneminten en kultuersektor kontrolearre wurde moat op de QR-koades, en dêrmei foar benammen minsken dy't net faksinearre of boostere binne ûnnedige barriêres opsmiten wurde.
17:39

Artysten kinne troch alle beheinings amper oan it wurk

"Ik harke nei de parsekonferinsje en tocht: Der wurdt dien as komt der in grut geskink. Mar feitlik is dat net sa", seit basgitarist Jan van Olffen. Hy is al jierren belutsen by de langst rinnende musical yn Nederlân: Soldaat van Oranje. Dy musical leit noch stil en Van Olffen sit dan ek noch thús.
De jonge artyst Faske (Fasil Kuipers) fan It Bilt timmeret de lêste tiid aardich oan de wei mei syn Nederlânsk-Frysk-Biltske songs. Hy hat mingde gefoelens oer er ferromming. Hy wrakselet mei wat wol en wat net kin.
Faske © ESNS
Jan van Olffen en Faske
17:24

Corona-effekt: kavia-opfang yn Bakkefean sit grôtfol

Frijwilliger Ingeborg van Veen yn de kavia-opvang yn Bakkefean