Untucht mei 17-jierrich famke: 4 moannen sel easke tsjin Appelskeaster

Tsjin in 49-jierrige man fan Appelskea is fjouwer moannen selstraf easke om't hy ûntuchtige hannelingen bedreaun hat mei in 17-jierrich famke dat oan syn soarch tafertroud wie.
Justysje © Shutterstock.com
It famke en har twillingsuske kamen ien kear yn 'e moanne by de húshâlding fan de fertochte. It famke seach de man as in heitefiguer.
De man soe ein augustus 2020 mei it famke op de bank lein hawwe en begûn seksuele fragen te stellen en har ûnseedlik te betaasten. Ek moast sy seksuele hannelingen by de man dwaan.

Eigenbelang

De man ûntkent de seksuele hannelingen, mar jout wol ta dat hy har befield hat. Syn ferklearring dêrfoar is dat syn libben op dat stuit 'overhoop' lei. De offisier fan justysje fynt dat de fertochte allinnich mar each foar syn eigen belang hat.
It famke is troch wat der bard is benaud foar manlju wurden. De rjochtbank docht op 8 febrewaris útspraak.