Noarden yn brief oan Twadde Keamer: miljard nedich foar Waadgebiet

Fryslân, Grinslân en ferskate lokale oerheden yn Noard-Nederlân wolle dat it Ryk 1 miljard euro stekt yn it behâld en de ûntwikkeling fan de Waadsee. Dat skriuwe se yn in brief oan de fraksjes yn de Twadde Keamer.
Gaswinning by de Waadsee © Shutterstock.com (Erik Koole Photography)
De Keamer debattearret tiisdei oer it belied oangeande it UNESCO Wrâlderfgoed. "Het is een uniek natuurgebied waar we zuinig op moeten zijn", skriuwe de oerheden. It jild dêr't se no om freegje komt út de 2 miljard dy't it Ryk al reservearre hat foar it gebiet.
"Het is van cruciaal belang dat het Rijk een goed investeringspakket voor de omgeving ontwikkelt. Met dit fonds ontstaat momentum om echt iets voor het Waddengebied te betekenen", stiet yn it brief, dy't ek ûndertekene is troch de gemeenten Skiermûntseach en Het Hogeland en wetterskip Noorderzijlvest.
De Twadde Keamer praat tiisdei fan 16.30 oere ôf oer it Waadgebiet. It wurdt it earste debat mei it nije kabinet. Ministers Mark Harbers (Ynfrastruktuer en Wettersteat), Rob Jetten (Klimaat en Enerzjy), Christianne van der Wal (Natuer en Stikstof) en steatssekretaris Hans Vijlbrief (Mynbou) binne derby.
Fierder wize de noardlike oerheden op de needsaak fan it winnen fan duorsume enerzjy om it natuergebiet te beskermjen. Wynenerzjy soe de iennige oplossing wêze. Dêrfoar moatte stroomkabels oanlein wurde en dat kin net yn kombinaasje mei de sâlt- en gaswinning yn it gebiet, stiet yn it brief.

'Te swiere belêsting'

Dat foarmet neffens de bestjoerders in te swiere belêsting op de Waadsee. Dêrom wolle de oerheden dat der ûndersyk dien wurdt nei de natuer- en miljeueffekten. Yn dat ûndersyk moat sjoen wurde watfoar ekonomyske aktiviteiten, lykas gaswinning, ôfboud wurde kinne.
Deputearre Sietske Poepjes oer de kabel en de brief
It regear wol dat de wynenerzjy dy't yn it Waadgebiet opwekke wurdt mei stroomkabels ûnder Skiermûntseach troch nei Eemshaven yn Grinslân giet. De polityk hjir yn it Noarden wolle leaver dat keazen wurdt foar in eastlike rûte dy't minder ynfloed hat op de natuer en net ûnder in Waadeilân trochrint.

Waadferiening net iens mei oerheidsbelied

De Waadferiening liet moandei yn in brief oan UNESCO witte dat se it net iens binne mei it oerheidsbelied. It regear wol nammentlik gaswinning yn it Waadgebiet trochsette. Sa soe der boarre wurde by Ternaard. UNESCO sei earder dat soks net past by de wrâlderfgoedstatus fan it gebiet.
Den Haag seit yn in reaksje dêrop dat de winning gjin grinswearden oergiet. De Waadferiening neamt de oanpak fan de oerheid "achterhelle en gjin goede wize om it Waad te beskermjen".