Learefterstannen te fernimmen: "Hoe moat ik dit allegear behappe?"

Twa jier corona hakt deryn by learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Sosjaal, mentaal en ek de skoalresultaten lije derûnder. De learefterstannen rinne op.
"Ik baal der wolris fan dat it no sa rint":
Dat komt troch twa jier wikseljend thúsûnderwiis, de lockdown fan de ôfrûne moannen, mar ek trochdat in soad jongeren sels corona krije en der ek nochris efkes útreitsje omdat se siik binne.
Op it Bogerman College yn Snits binne der ekstra helplessen opset om benammen eksamenlearlingen wer op wei te helpen. Dat fine de learlingen noflik, want ek al kinne je corona de skuld jaan: gjinien wol sakje.
Ik tink somtiden wolris: hoe moat ik dit allegear behappe?
Tara (vwo-6)
"Slagget it net, dan slagget it net", seit Tara út vwo-6. "Mar ik wol it wol hiel graach en dan baal ik derfan dat it no sa rint. En ik tink somtiden wolris: hoe moat ik dit allegear behappe?"
Anna Minke fernimt ek problemen troch corona: "Ik krige mei de krystdagen corona, flak foar de toetswike wie ik flink siik. En ik bin noch hieltyd wurch."
Learlingen fan it Bogerman yn Snits © Simone Scheffer
De ôfrûne twa jier hawwe dus no al spoaren efterlitten. Yn de resultaten fan bygelyks toetsen is dat bytiden ek wol te sjen.
Al is it wol in wikseljend byld, fertelt rektor Annemarie Kingma. Se tinkt dat de gefolgen fan dizze coronaperioade noch wol jierren te fernimmen wêze sille, want it rint fan basisskoalle oant de ein fan it middelber ûnderwiis dat learlingen lêst hân hawwe fan it ûnrêstige ûnderwiis.

Grutte ferskillen

"Mar we sjogge wol hiel grutte ferskillen", seit Kingma. "Yn vwo-6 en havo-5 fernimme we minder problemen as yn de twadde klasse. Yn de twadde klasse rûnen se foarich jier ek al achterstannen op." De boppeboujierren ha yn alle gefallen noch wat jierren gewoan ûnderwiis hân.
De dosinten steane dêrom foar in dilemma: de toetsen moatte net te dreech, mar se te maklik meitsje kin letter ek wer gruttere gefolgen ha. Dat proses moat goed bewekke wurde.
Anna Minke drok oan de stúdzje © Simone Scheffer
Op 'Lesplein 2' komme de learlingen byinoar om ekstra te studearjen en der binne ek helpers: dosinten, mar ek learlingen dy't it allegear wat makliker ha. Dy assistearje ek en helpe by de stúdzje.

Eksakte fakken

Erik de Vries is belutsen by de begelieding fan de learlingen. Hy sjocht dat it benammen de eksakte fakken binne dêr't in soad oefene wurde, om sa foar te kommen dat de efterstannen oprinne. "Gaandeweg het jaar kijken we hoe leerlingen ervoor staan en of ze meer behoefte hebben aan ondersteuning."
Ongeveer 25 tot 30 procent had zelf corona of zat in quarantaine.
Erik de Vries oer de toetswike
De fleksibiliteit wurdt aardich op de proef steld. Toetswiken bygelyks moatte opsplitst wurde, omdat te folle learlingen siik binne of yn karantêne sitte. "Vorige week was er een toetsweek", seit De Vries. "Ongeveer 25 tot 30 procent had zelf corona of zat in quarantaine. Dan moet je meteen bedenken hoe je dat in gaat halen."

Motivaasje

Ien fan de learlingen dy't meihelpt is vwo'er Jurre de Boer. Sels hat er net safolle te lijen fan de ûnrêstige tiid. Hy sit op it lesplein om klasgenoaten te helpen by fakken dêr't se it dreech mei hawwe.
By in soad klasgenoaten sjocht er motivaasjeproblemen troch al it thúsûnderwiis. "Ik fernim echt dat guon in soad efterstân hawwe troch de coronasituaasje. Alles stiet stil."

Fertrouwen

Dochs sitte se net by de pakken del. De dosinten net, de direkteur net en ek de learlingen net. Der komt in ein oan dizze situaasje. As oan Anna Minke frege wurdt 'komt it goed?', seit se folút: "Ja, it komt goed. Ik ha in soad fertrouwen yn mysels."
Harkje nei de ferhalen fan Tara, Anne Minke en Jurre:
Oare middelbere skoallen yn Fryslân fernimme de learefterstannen ek. Op it Singelland yn Drachten is de grutste fertraging te fernimmen by de krúsjale fakken as begripend lêzen en rekkenjen. Op it Ulbe van Houten yn Sint-Anne binne de eksakte fakken as wiskunde en natuer- en skiekunde it meast lestich om by te wurkjen. Op dy skoalle sitte no 7 fan de 36 klassen thús.

Earder ôflaat

Fierder binne de konsintraasje en motivaasje by de learlingen ôfnaam. De skoalbern binne earder ôflaat en pikke de ynstruksje minder gau op, seit Alle Visser, direkteur ûnderwiis van VHS Singelland.
Learlingen oan de stúdzje © Simone Scheffer
Neffens Visser komt dat diels troch it digitale ûnderwiis. Dêrby hat de dosint de klasse folle minder oanstjoere kinnen. Yn Sint-Anne fernimme se ek soks: de skoalbern fine it oer it algemien dreger om klassikaal les te folgjen.

Grutste soargen oer mentale sûnens

Skoallen meitsje harren benammen soargen om it effekt dat dizze hast twa jier fan corona hân hat op de mentale sûnens fan de learlingen. Yn Sint-Anne hawwe learlingen eangst om wer nei skoalle en de druk op it soarchteam is grut.

CEDIN: sjoch foarút

It CEDIN, dat skoallen begeliedt mei allerhande saken, sjocht wol dat skoallen wrakselje mei de hiele situaasje, mar wol se benammen meijaan net te folle yn it no hingjen te bliuwen, mar foarút te sjen en foarút te gean mei de bern. De mear oft klam je lizze op hoe min oft it is, de minder oft it wurdt, seit in wurdfierder.