Liveblog | 25 jannewaris 2022

Coronanijs 25 jannewaris: kabinet giet mei ferrommingen fierder as it OMT

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • It kabinet wol hoareka en kultuersektor oant 22.00 oere jûns iepenje;
  • Minder as de helte fan de minsken tusken 18 en 45 hat boosterfaksinaasje;
  • De systemen fan it RIVM en de GGD kinne de coronabesmettingen net mear byhâlde;
  • Yn Fryslân waarden tiisdei 1321 nije coronabesmettingen fêststeld, mar it RIVM hat noch hieltyd in efterstân yn de sifers.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 25 jannewaris 2022, 23:04
tiisdei 25 jannewaris 2022
23:04

Ein fan de liveblog

Dit is de ein fan dit liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog. Tank foar it folgjen.

22:58

Musea bliid mei iepening

De Museumvereniging is wiis mei it iepenjen fan de musea. "Natuurlijk hopen we ook dat er binnen afzienbare tijd verder versoepeld wordt, zodat er geen verschil meer is tussen musea en andere doorstroomlocaties", sa jout de koepelorganisaasje oan.

Betingsten binne bygelyks dat der mar ien besiker op fiif kante meter mei, der jildt in mûlkapkesplicht en boppe de 18 jier moatte besikers in coronatagongsbewiis sjen litte.

20:15

Kabinet kundiget ferrommingen oan

Fan woansdei ôf jilde der ferskate ferrommingen yn de coronamaatregels: hoareka, kultuer en eveneminten meie wer los, al is it mei betingsten. De nije regels jilde foarearst seis wiken. Oer trije wiken wurde se op 'e nij besjoen troch it kabinet.

Premier Mark Rutte © ANP
17:46

Boarnen Den Haag: 'Coronamaatregels duorje trije wiken en jilde fan moarnier 05.00 oere ôf'

De ferrommingen dy't aansten op de parsekonferinsje oankundige wurde, sille yngean fan moarnier 05.00 oere ôf en duorje op syn minst trije wiken. Dat sizze boarnen yn Den Haag.

Earder waard al bekend dat it kabinet ferrommingen ynfiere sil foar de hoareka en de kultuer. Foar dizze sektoaren jildt fan moarn ôf in 3G-belied: minsken krije tagong mei in faksinaasje- of herstelbewiis of mei in negative test. Binnen moatte minsken in mûlkapke op ha.

Eveneminten binne aansten ek wer mooglik foar heechút 1250 besikers. Foar eveneminten dy't bûten binne is it tastien om ien tredde fan de kapasiteit te brûken. By wedstriden yn stadions kin it dus om mear as 1250 besikers gean. Trochstreamlokaasjes, lykas musea en bistetunen, meie aansten ek wer iepen, mar wol ûnder ferskate betingsten.

Ferromming karantênemaatregels

Ii Outbreak Management Team hat it kabinet earder al advisearre om de karantênemaatregels te ferromjen. Bern ûnder de 13 hoege neffens it OMT-advys net mear yn karantêne. It tal minsken dat thús op besite komme mei, is noch hieltyd 4 minsken.

17:17

Vereniging Nederlandse Poppodia en -Festivals: "We worden ‘blij’ gemaakt met een dode mus"

De ferrommingen helpe mar in lyts diel fan de kulturele sektor. Dat skriuwt de Vereniging Nederlandse Poppodia- en Festivals. "De beperkte openingstijden tot 22:00, de beperkte capaciteit van 1.250 bezoekers, een vaste zitplaats met 1,5 meter afstand in combinatie met de check van een coronatoegangsbewijs maken het haast onmogelijk iets zinnigs te ondernemen", sa skriuwt de feriening.

De poppoadia en organisatoaren fan eveneminten en festivals sizze dat it net mooglik is om artysten te presintearjen oan it publyk sûnder dat it jild kostet. It grutste diel fan de omset komt neffens de feriening binnen tusken 22.00 en 4.00 oere. Boppedat ha organisaasjes yn trochsneed 90 persint fan de seal of fan it terrein nedich om alle kosten foar in optreden te beteljen.

"Er moet nu echt heel snel een plan komen waarin wordt uitgelegd hoe en wanneer we op korte termijn 100% zonder beperkingen open kunnen en open kunnen blijven. Wat ons betreft is dat uiterlijk 1 maart 2022", skriuwt VNPF-direkteur Berend Schans.

Poppoadium Neushoorn © Omrop Fryslân

Neushoorn yn Ljouwert lit al witte dat de weriepening finansjeel net út kin. Yn de grutte seal fan it poppoadium kinne sûnder maatregels 700 minsken, wylst dit mei de ferrommingen op syn meast 102 oant 180 wêze kinne.

"Wy hawwe alle jierren dochs wol in tsiental konserten nedich dy't útferkocht binne. It leafst steand, want wy moatte it kwa ynkomsten ek fan de bar hawwe", seit Wietze Meetsma, haad programmamakker by it poppoadium.

16:45

Sikehûzen sille opnamereden registrearje fan minsken dy't posityf teste op it coronafirus

Yn de lanlike sikehûssifers sil tenei in ûnderskied makke wurde tusken pasjinten dy't fanwegen it coronafirus opnaam binne en pasjinten dy't dêr om in oare reden lizze. Dat meldt stichting NICE, dy't de sifer byhâldt en analysearret.

Doe't dúdlik waard dat guon sikehûzen ek pasjinten meirekkenje dy't wol posityf teste binne, mar dy't dêr om in oare reden lizze, sei OMT-foarsitter Jaap Dissel dat dit in "verstorende factor" wêze kin.

De oerheidsmaatregels wurde nammentlik basearre op it tal coronapasjinten yn de sikehûzen. Van Dissel sei doe dat it nei alle gedachten om 5 persint fan it totaal giet, mar dat is gjin aktueel sifer. Yntusken giet it nei alle gedachten om in gruttere groep.