Frysk mbû bringt bou-opliedingen yn Ljouwert byinoar

ROC Friese Poort en it Friesland College bringe takom stúdzjejier harren bou-opliedingen yn Ljouwert foar dizze regio byinoar. Neffens de skoallen jout dat in soad foardielen foar de studinten, de meiwurkers en it wurkfjild.
© Friesland College
De opliedingen komme yn de lokaasje fan ROC Friese Poort oan de Anne Wadmanwei yn Ljouwert. Troch de gearwurking kinne de opliedingen fernijd wurde en kin der ek kostebesparjend wurke wurde.
Foar de bousektor ha ROC Friese Poort en it Friesland College no relatyf lytse, mar kostbere opliedingen. De sektor is altyd yn ûntwikkeling en dêrtroch moat der hieltyd ynvestearre wurde yn materialen en kunde. Mei-inoar ha de skoallen binnen de bou-opliedingen goed trijehûndert learlingen.
© Friesland College
Oan de gearwurking tusken beide ûnderwiisynstellingen is in wiidweidige ferkenning foarôfgien, dy't yn de twadde helte fan 2020 fan start gie. It bestjoer en de ûndernimmingsrieden ha ynstimd mei de gearwurking.
Nynke Beintema, fêstigingsdirekteur Ljouwert en Dokkum fan de Friese Poort: "We benaderje ús studinten somtiden wat oars, of we rjochtsje it programma wat oars yn. En dat is foar it wurkfjild soms wol ris wat ferwarrend. Dat is presys de reden dat we it op ien line bringe woene."
Nynke Beintema fan de Friese Poort