Restauraasje skip 'Mona Lisa fan de haven' yn Frjentsjer rint út

Op de werf fan Jelle Talsma yn Frjentsjer wurdt op dit stuit noch wurke oan de renovaasje fan ien fan de ferneamdste skippen fan Rotterdam. It giet om de Stadsgraanzuiger 19. Yn maaie kaam it op de werf foar in grutte opknapbeurt.
Sjoch hjir hoe't it stiet it mei de restauraasje fan it âlde nôtsûchskip:
Oer goed in moanne moat de lêste noch wurkjende nôtsûger yn Europa klear wêze. By Talsma Shipyards yn Frjentsjer binne se der mar drok mei. Dêr binne se spesjalisearre yn de restauraasje fan soksoarte histoaryske masines mei in maritym ferline. "It is in prachtige put", seit Tjitze Stiensma. Hy is as projektmanager fan Talsma belutsen by de restauraasje.

Underwetterskip

Oer it grutte gehiel giet alles neffens plan, mar der wiene wol ôffallers: "Wat we net sjen koene wie it ûnderwetterskip. We hawwe dêr in grut part fan ferfange moatten. We bliuwe binnen budzjet en hawwe in soad oare lytse dinkjes ek oanpakke kinnen."
By it Maritiem Museum Rotterdam wienen se dêr al benaud foar, seit Karin Meirik. "Dat zie je niet. Bedenk dan dat dit schip echt al heel oud is. Er is altijd wel opgeknapt, maar nooit zo intensief als nu."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It hat ek lang duorre foar't it museum it jild hie foar it projekt. Meirik: "We hebben veel te danken aan de Vlaamse overheid. Het schip ligt deels in Rotterdam en deels in Antwerpen. Met deze bijdrage en onder andere ook het geld uit fondsen hebben we een budget van ruim 2 miljoen euro."

'De Mona Lisa fan de haven'

In grut bedrach, mar de muoite mear as wurdich. "Ik zeg wel eens: dit is onze Mona Lisa. Het is gewoon van groot belang omdat het een duidelijk beeld geeft van de industrialisatie in de haven", seit Meirik. "Maar je kunt ook een parallel met het heden trekken. Denk dan aan de robotisering. Daarom is het van groot belang deze graanelevator te behouden."

Werom nei Rotterdam

Doel wie dat de saneamde graanelevator ein 2021 restaurearre wêze soe en wer nei Rotterdam sleept wurde koe. Mar dat is de manlju fan Talsma net slagge. Nei ferwachting sil de put no ein febrewaris klear wêze.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma