Foeke Booy oer syn harsenynfarkt: "Ik heb veel geluk gehad"

It giet goed mei Foeke Booy, de technysk manager fan SC Cambuur. Hy hat nei eigen sizzen in soad gelok hân, doe't er in healjier lyn troffen waard troch in harsenynfarkt.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
It is foar it earst sûnt syn harsenynfarkt dat Foeke Booy wer oanskoot yn in programma om oer syn wurk as technysk manager te praten. "Het gaat heel erg goed gelukkig. Ik besef dat ik ontzettend veel geluk heb gehad", begjint de Ljouwerter, dy't sûnt oardel moanne wer folslein oan it wurk is.
"Mijn geluk is dat mijn vrouw erbij was toen het gebeurde, dat de ambulance er snel bij was en de behandeling binnen 25 minuten is toegepast. Die snelheid van handelen heeft bijgedragen dat ik zo snel kon terugkeren", fertelt Booy oer dy iene dei begjin july.

Kontrakten ferlinge

Dan oer syn wurk. Der is genôch te dwaan foar Booy, want de transferperioade is iepen en ôfrinnende kontrakten moatte ferlinge wurde. Mar neffens Booy wurdt dat mei guon spilers in 'lastig verhaal': "Cambuur mist inkomsten door corona. De uitgaven nemen alleen maar toe. Wij willen in alle redelijkheid met spelers verder, maar als het te gek gaat worden, sluit ik niet uit dat we niet tot een akkoord komen."
Wichtige spilers as Sonny Stevens, oanfierder Erik Schouten en Jamie Jacobs hawwe in kontrakt dat nei dit seizoen ôfrint.
Heb het respect om hem het seizoen te laten afmaken.
Foeke Booy fynt dat Hearrenfean Johnny Jansen net ûntslaan moat
Wêr't it by Cambuur rêstich is, is dat by sc Hearrenfean wol oars. Der is moandei in petear tusken de kluplieding en trainer Johnny Jansen. Sportferslachjouwer Roelof de Vries: "Ik bin derfan oertsjûge dat it net hûndert prosint leit oan Johnny Jansen. Dus ik fyn: lit him it seizoen ôfmeitsje."
Booy slút him dêr by oan, om't Jansen al 23 jier by Hearrenfean wurket en dus in echte klupman is. "Zo'n man moet met respect behandeld worden. Heb het respect om hem het seizoen te laten afmaken", sa seit Booy. "Om nou te zeggen: 'knikker hem er even uit', dat is zo makkelijk en er wordt weer iemand beschadigd die voor zo'n club alles heeft gedaan."