883 coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, sifers rinne noch hieltyd efter

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 883 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Snein wienen dat der noch 1.009.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It RIVM en de GGD hawwe al dagen muoite om alle coronameldingen te registrearjen. Dêrtroch is der yn de lêste sân dagen in ûnderrapportaazje fan 46.000 meldingen. Der wurdt wurke oan it ynheljen fan dizze efterstân. Dêrtroch kinne de sifers bot skommelje.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.058 besmettingen. Snein lei it noch op 1.074 besmettingen, in wike lyn op 777.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der waarden twa Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Harns en in ynwenner fan de gemeente Dantumadiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 64.757. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 49.047.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.