Reade knipperjende lampen op wynmûnen kinne út

De knipperjende reade lampen op hege wynmûnen kinne feilich út. Dat litte de provinsje Seelân en de wynmûnesektor witte. Yn in Siuwsk wynpark binne mei sukses twa systemen test.
© Omrop Fryslân
Fleantugen kinne dy systemen brûke om de wynmûnen te 'sjen' yn it tsjuster. En dus hoege se net mear te fleanen op de reade lampen. Under oare Wynpark Fryslân brûkt de reade knipperjende lampen. De reade lampen brâne de hiele nacht en dat kin oerlêst foar omwenners jaan.
Ien fan de systemen makket gebrûk fan in radarsysteem. It twadde systeem makket gebrûk fan transponders, de stjoerders dêr't fleantugen sinjalen útstjoere.

Kosten

Foar in wynpark binne de kosten fan in radar- of transpondersysteem tusken de 60.000 en 100.000 euro. It is net dúdlik wa't de nije systemen betelje sil.
De skatting is dat sa'n 80 wynparken yn Nederlân reade ferljochting hawwe. Dat kin de kommende jierren hast ferdûbele wurde, want der binne noch sa'n 75 wynparken yn tarieding dy't wetlik ferplicht binne om de knipperende lampen te ynstallearjen.