Bedriuwsûngelok yn Snits: persoan swier ferwûne

Yn Snits is moandeitemoarn in persoan slim ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok.
© Noordernieuws
Om healwei sânen hinne krigen de helptsjinsten wêrûnder in traumahelikopter in oprop om nei de Einsteinstrjitte te kommen. Op it terrein soe in ûngelok west hawwe dêr't nei alle gedachten in frachtwein by belutsen wie. Ien persoan is yn sân hasten ûnder begelieding fan in dokter oerbrocht nei sikehûs MCL.
Wat der krekt bard is, is noch ûndúdlik. Sawol de plysje en arbeidsynspeksje dogge ûndersyk nei it ûngelok.