Ynvestearders nimme foar 1,6 miljard euro Feanster fytseprodusint Accell oer

Fytseprodusint Accell op It Hearrenfean wurdt oernommen troch in groep ynvestearders. It konsortsium ûnder lieding fan KKR hat 1,6 miljard euro oer foar it bedriuw achter merken as Batavus en Sparta.
© ANP
De oername, dy't noch wol ûnder foarbehâld is yn ôfwachting fan goedkarring, wurdt nei ferwachting om de simmer hinne dien makke. Tafersjochhâlder Autoriteit Financiële Markten en de oandielhâlders moatte it der wol mei iens wêze.

'Gjin gefolgen foar personiel'

Accell ferwachtet mei de nije oandielhâlders flugger groeie te kinnen. It haadkantoar bliuwt nei de oername gewoan op It Hearrenfean stean. Ek foar it personiel hat de oername gjin effekt, sa stiet yn de ferklearring.
Accell-topman Ton Anbeek sprekt fan in belangrike stap foar it bedriuw. Ek hat er it oer bettere karriêremooglikheden foar personiel no't it bedriuw "een grote sprong voorwaarts" meitsje kin. It bestjoer fan Accell stiet unanym achter de oername.
Accell hat sa'n 3.100 minsken yn tsjinst, ferspraat oer fyftjin lannen. De fytsen en oare produkten wurde ferkocht yn mear as tachtich lannen. Yn 2020 ferkocht Accell sa'n 897.000 fytsen. It bedriuw sleat dat jier ôf mei in omset fan 1,3 miljard euro. It bedriuw is neffens eigen sizzen Europeesk merklieder yn e-bikes en de twadde grutste yn fytsûnderdielen en -assessoires.

KRR

Ynvestearder KKR stuts earder jild yn de fakânsjeparken fan Roompot, glêsfezelplatfoarm Open Dutch Fiber, parkeartsjinstferliener Q-Park en software-ûntwikkeler Exact.
Ton Anbeek © Accell Group
De fakbûnen hiene earder op de hichte steld wurde wollen fan de oername. Dat is dreech yn sokke prosessen dêr't foarkennis in rol yn spilet, seit Anbeek. Se wiene snein pas klear mei de deal en hawwe moandeitemoarn fuortendaliks mei de fakbûnen belle om út te lizzen wat der bart.
Van Anbeek ferwachtet gjin beswieren omdat it personiel neat fernimt fan de oername: "Er gaat helemaal niets veranderen. Alles blijft zoals het is."