Liveblog | 24 jannewaris 2022

Coronanijs fan 24 jannewaris: Kabinet wol hoareka en kultuer iepenje

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Kabinet wol hoareka en kultuersektor oant 22.00 oere jûns iepenje;
  • Yn Fryslân binne moandei 883 nije coronabesmettingen fêststeld;
  • Lanlik giet it om 64.757 nije besmettingen;
  • De maksimale kapasiteit is berikt by laboratoaria fan de GGD'en dy't de testútslaggen fêststelle;
  • Yn de Fryske sikehûzen lizze moandei 22 coronapasjinten, wêrfan njoggen op in ic-bêd;
  • Neffens de WHO is de ein fan de pandemy yn Europa mooglik yn sicht.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 24 jannewaris 2022, 20:49
moandei 24 jannewaris 2022
22:45

Oant safier

Dit is de ein fan dit liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog. Tank foar it folgjen.
20:44

OMT trunet op 'e nij oan op fergeze selstesten foar elkenien

Selstesten moatte fergees wurde foar elkenien, fynt it Outbreak Management Team (OMT ). De ekspertgroep advisearret dat ûnder mear jongeren folle faker deistich in coronaselstest dogge, en om dat slagje te litten is it nedich dat dy selstesten fergees binne.
19:34

OMT: gjin karantêne mear foar bern sûnder klachten

Bern oant en mei 12 jier hoege net mear yn karantêne as sy gjin klachten hawwe, advisearret it Outbreak Management Team (OMT) oan it kabinet. Sy krije wol it advys om alle dagen in selstest te dwaan. As dit net mooglik is, kin de GGD of in dokter dochs advisearje yn karantêne te gean.
Dêrneist hoege net mear hiele klassen nei hûs ta as der mear as trije besmettingen binne, fine de eksperts. By in útbraak krije alle learlingen it advys har deistich te testen. Dat jildt foar sawol it basis- as fuortset ûnderwiis, ek as learlingen 18 jier of âlder binne.
It kabinet beslút tiisdei definityf wat it mei it OMT-advys docht.
19:32

Boargemasters pleitsje foar noch rommere iepeningstiden

Boargemasters yn it Veiligheidsberaad binne al hiel bliid as it kabinet tiisdei beslút dat de hoareka en kultuersektor oant 22.00 oere iepen meie, mar foar in grut part fan de boargemasters yn it oerlis mei de ferromming noch in stap fierder gean.
"Sectoren moeten hun werk kunnen doen waarvoor ze zijn. Maar ook een voetbalwedstrijd bijvoorbeeld duurt normaal gesproken net iets langer dan 22.00 uur", sa seit boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert.
Sybrand Buma © Omrop Fryslân
19:30

Kuipers stjoert OMT-advys oer ferrommingen nei de Keamer

Coronaminister Ernst Kuipers stjoert it advys fan it Outbreak Management Team oer ferrommingen fan de coronaregels dochs nei de Keamer. Dit bart op eksplisyt fersyk fan partijen. It kabinet hjirfoar sei hieltyd dat it advys net iepenbier makke wurde koe foar de parsekonferinsje.
Premier Mark Rutte sei earder dat it kabinet der net oan woe it advys earst te iepenbierjen, omdat de oanbefellings net altyd ien-op-ien oernaam wurde. As it úteinlike beslút fan it kabinet ôfwike soe fan it advys, soe dat ta betizing liede kinne.
19:18

Wurkjouwers: negatyf teste wurknimmers nei kontakt besmet persoan nei wurk

Wurknimmers dy't yn kontakt west hawwe mei in besmet persoan, mar negatyf test binne op it coronafirus en gjin klachten hawwe, moatte gewoan nei harren wurk kinne. Dat wolle wurkjouwers- en ûndernimmersorganisaasjes VNO-NCW en MKB-Nederlân.
De regels foar karantêne moatte neffens de organisaasjes "zo verruimd worden, dat mensen die nergens last van hebben zo snel mogelijk weer aan het werk kunnen voor half Nederland op de bank zit zonder klachten". In soad minsken sitte no ûnnedich lang thús troch de karantêneregels, seit in wurdfierder.