Berber Vonk hâldt op mei maratonreedriden

Berber Vonk hat har lêste maraton op redens riden. De ynwenster fan Appelskea rekke yn 2019 slim ferwûne oan har earm en is der noch hieltyd net hielendal fan opbettere.
© Omrop Fryslân
Vonk rûn har blessuere op by in maraton in Den Haag. In reed snie troch har earm. Dêrby rûn se in snijwûne op en in djippe sneed yn de biseps, dy wie oant trijekwart ynsnien. Har slachier waard op 0,2 milimeter mist.

Noch net ferwurke

Vonk kundiget har ôfskied fan de sport oan op Facebook. Se seit dat se it ûngelok noch net ferwurke hat en dat se te benaud is om de redens nochris ûnder te binen.
Vonk giet wol troch mei inline-skeelerjen.