Fryske professor: "It RIVM lit him advisearje troch in te lytse groep"

"De RIVM-modellen fan desimber wiene te negatyf en op grûn dêrfan binne ferkearde besluten naam." Dat seit Sake de Vlas, heechlearaar ynfeksjesykte-modellearing oan it Erasmus Medisch Centrum.
Sake de Vlas, Erasmus MC © Sake de Vlas
"It RIVM hat him advisearje litten troch in te lytse groep. Foar in bettere foarsizzing kinst dy better basearje op ferskillende modellen en dan it gemiddelde nimme. Sa wurdt dat ek dien yn Ingelân. Sa wurde de waarfoarsizzingen foar de lange termyn ek makke." De Vlas die syn útspraken snein yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Meardere modellen

De Vlas hat yn it begjin fan de krisis as saakkundige bot belutsen west by de modellearing. Om't der sa'n soad aspekten ûnbekend wienen, hie dat ek gefolgen foar de modellen. "Dy wiskundige formules kinne noch sa goed wêze, se bliuwe ôfhinklik fan de ynformaasje dy't beskikber is om dêr yn setten. It RIVM soe no gebrûk meitsje kinne fan meardere modellen, mar docht dat kwealik."
Dat soe eins wol moatte, fynt De Vlas: "Ast it breder sjochst, kinst it gemiddelde brûke en joust ek in folle krêftiger byld nei de minsken dy't de besluten nimme moatte. It RIVM wurket wol mei ferskillende senario's, mar dy komme fan itselde model. Dêr sitte simplifikaasjes yn dy't ynfloed hawwe op de útkomst. Ik haw my dêr in bytsje yn ferdjippe en soe der hiel graach mei it RIVM oer prate wolle, sei heechlearaar De Vlas.

Foarsizzings komme út

De Vlas sei twa jier ferlyn al foar op de radio dat der in twadde weach oankomme soe en dat wy wol twa jier lêst hawwe soene fan corona. Dy beide foarsizzings binne útkommen. Wat binne no syn foarsizzingen foar de takomst? "Wy sille corona net mear kwytreitsje."
De Vlas wol de omikronfariant noch gjin 'feredelde gryp' neame, mar dy kant giet it wol op. De ymmuniteit nimt lykwols ek ôf, ek by twa faksinaasjes en in booster. Yn dy gefallen binne jo lykwols wol beskerme tsjin slimme sykte. Wy witte net watfoar farianten der allegearre noch komme, dus moatte jo altyd wach wêze.
Mar de tiid foar ferrommingen is no wol oanbrutsen. Jo kinne no wol útgean fan de sikehûsopnamen en net fan it tal fêststelde besmettingen. "Dochs moatte we der hoeden mei omgean en ek wer net alles fuortendaliks iepensmite", sa warskôge De Vlas.
Heechlearaar Sake de Vlas yn Buro de Vries