Michelle de Jong wint it NK sprint, folslein Frysk poadium

De Fryske reedrydsters hawwe it goed dien op it NK sprint. Michelle de Jong wie nei fjouwer ôfstannen klassemintswinner. Marrit Fledderus en Helga Drost makken it Fryske poadium kompleet.
© Orange Pictures
Nei de earste dei fan it NK stie Ireen Wüst boppe-oan, folge troch Michelle de Jong, Marrit Fledderus en Helga Drost. De Jong sette de oanfal yn op Wüst troch de twadde 500 meter te winnen yn in tiid fan 37,85.

Fledderus twadde

Wüst einige mei 38,67 as achtste. Yn it klassemint sakke se dêrtroch nei plak trije. Fledderus ferbettere har wat op har twadde 500 meter (38,24). Dêrmei wie sy twadde. Drost wie wat minder fluch (38,57) en dat betsjutte dat sy Dione Voskamp foar litte moast.
De ûntknoping kaam op de twadde 1.000 meter. Fledderus helle dêrop in poadiumplak binnen, mar alle eagen wienen rjochte op Wüst tsjin De Jong. Wüst kaam as earste oer de streek, mar by har rit hindere se De Jong. Wüst waard dêrom diskwalifisearre.
De Jong wie dêrmei Nederlânsk kampioen, folge troch Fledderus. Drost makke it Fryske poadium kompleet.

It einklassemint fan it NK sprint by de froulju

Earste 500 meter Earste 1.000 meter Twadde 500 meter Twadde 1.000 meter Punten
1. Michelle de Jong 38,15 (2) 1.16,17 (2) 37,85 (1) 1.16,01 (2) 152.090
2. Marrit Fledderus 38,32 (3) 1.16,33 (3) 38,24 (3) 1.16,79 (5) 153.120
3. Helga Drost 38,39 (4) 1.16,61 (4) 38,57 (6) 1.16,46 (4) 153.495
4. Dione Voskamp 38,15 (1) 1.17,20 (9) 38,10 (2) 1.17,70 (10) 153.700
10. Letitia de Jong 39,01 (12) 1.16,98 (7) 38,90 (10) 1.16,91 (6) 154.855
By de manlju kaam de iennichste Fryske ynbring fan Rem de Hair. Mei in tiid fan 35,80 waard hy tsiende op de twadde 500 meter. Op de twadde 1.000 meter kaam hy ta in tiid fan 1.11,30, in persoanlik rekôr. Dêrmei einige hy tsiende yn it klassemint. De einoerwinning wie foar Tijmen Snel.

It einklassemint

Earste 500 meter Earste 1.000 meter Twadde 500 meter Twadde 1.000 meter Punten
1. Tijmen Snel 35,21 (3) 1.08,51 (1) 34,88 (1) 1.09,34 (3) 139.015
2. Janno Botman 35,29 (4) 1.09,51 (4) 35,03 (2) 1.09,66 (5) 139.905
3. Serge Yoro 35,38 (6) 1.09,73 (5) 35,22 (4) 1.09,09 (1) 140.010
4. Lennart Velema 35,30 (5) 1.09,43 (3) 35,30 (5) 1.09,52 (4) 140.075
10. Rem de Hair 35,86 (15) 1.12,14 (15) 35,80 (10) 1.11,30 (12) 143.380