Bestjoerder crashte auto Ljouwert wie krekt frijlitten troch de plysje

De 29-jierige Ljouwerter dy't sneontemoarn by Ljouwert mei de auto yn de sleat riden wie, wie krekt dêrfoar frijlitten troch de plysje.
© Noordernieuws
De man waard sneontemoarn betiid oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De plysje stjoerde him wer fuort, wêrnei't er om 07.00 oere hinne by in bedriuw oan de Holstmeerwei yn Ljouwert in auto stiel.
De plysje seach op kamerabylden dat de dief deselde man wie as dy't se krekt fuortstjoerd hiene.
Efkes letter, om sawat tsien oer njoggenen hinne, krige de plysje in melding dat in auto op de oprit nei de Wâldwei út de bocht en yn de sleat flein wie. Dat die bliken dyselde man te wêzen.
De fertochte waard mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Hoe swier ferwûne oft er krekt wie, koe de plysje net sizze. De plysje ûndersiket de saak en hat in proses-ferbaal tsjin de fertochte opmakke.