Anema fjirde op NK allround, De Boer jout medalje út hannen

Reina Anema is as fjirde einige op it Nederlânsk kampioenskip allround. Op de lêste 5.000 meter waard se tredde. By de manlju stie Tjerk de Boer mei noch ien ôfstân te gean twadde yn it klassemint, mar sakke nei de slotrit dochs nei de fiifde plak.
© Orange Pictures

Klassemint nei alle fjouwer ôfstannen

500 meter 3.000 meter 1.500 meter 5.000 meter Punten
1. Merel Conijn 39,45 (3) 4.05,07 (2) 1.56,28 (2) 6.58,36 (1) 160.891
2. Joy Beune 40,08 (6) 4.04,51 (1) 1.55,90 (1) 7.03,97 (2) 161.861
3. Melissa Wijfje 39,63 (5) 4.06,46 (4) 1.56,44 (3) 7.14,65 (4) 162.987
4. Reina Anema 40,96 (12) 4.05,20 (3) 1.57,73 (4) 7.09,49 (3) 164.018
5. Robin Groot 39,59 (4) 4.09,83 (7) 1.58,31 (6) 7.22,35 (7) 164.899
12. Kim Talsma 40,69 (10) 4.17,90 (13) 2.01,14 (12) - 124.053
16. Sanne Westra 40,97 (13) 4.27,29 (17) 2.04,20 (15) - 126.918
Reina Anema begûn as nûmer seis fan it klassemint oan de slotôfstân fan dit kampioenskip, mar noch foar de start gie se troch de ôfsizzing fan Elisa Dul in plak omheech. Op de 5.000 meter ried Anema nei 7.09,49, wat goed wie foar de tredde tiid. Dêrmei gie se yn it klassemint noch foarby oan har ploechgenoate Robin Groot.
De striid om de oerwinning op dit NK allround gie tusken Merel Conijn en Joy Beune. Dy earste ferdigene foar de lêste ôfstân in lytse foarsprong en koe dy op de 5.000 meter noch fierder útbouwe. Dêrtroch is Conijn de nije Nederlânsk kampioen. Dêrmei hellet se ek in startbewiis binnen foar it wrâldkampioenskip allround yn Noarwegen.
Antoinette de Jong en Irene Schouten hiene har dêr al foar pleatst op it olympysk kwalifikaasjetoernoai.

1.500 meter

De oerwinning op de 1.500 meter by de froulju gie yn 1.55,90 nei Joy Beune. Merel Conijn einige as twadde foar Melissa Wijfje. Reina Anema einige op dy ôfstân fjirde. It gat mei Wijfje wie mear as in sekonde. De reedrydster fan De Gordyk finishte yn 1.57,73. Oare Friezinnen Kim Talsma (tolfde) en Sanne Westra (fiiftjinde) einigen op grutte ôfstân fan it poadium.
Op de 5.000 meter rieden de acht bêst klassearre froulju. Dat betsjut dat it toernoai foar Talsma en Westra der al op siet foar dy ôfstân.
© Orange Pictures
By de manlju is Marcel Bosker oppermachtich. Nei de 5.000 meter op sneon wie hy snein op de 1.500 meter ek de rapste yn 1.46,60. Tjerk de Boer siet dêr lykwols tichtby mei 1.46,87.
Yn it klassemint gie De Boer dêrtroch omheech nei it twadde plak. Foar de ôfslutende 10 kilometer hie er in efterstân fan mear as njoggentjin sekonden op Bosker. De Boer ferdigene op nûmer trije Beau Snellink in foarsprong fan goed fiif sekonden.

De Boer sakket

Al fluch seach it der net goed út foar De Boer op syn fjirde 10.000 meter ea. Yn de slotrit helle Bosker De Boer sels yn. De Fries wie ek minder fluch as Snellink (12.58,29 om 13.54,24). Dêrtroch sakke De Boer yn it klassemint. Mei 153.067 punten einige hy as fiifde.
Tjerk de Boer oer syn toernoai:
Marwin Talsma mocht de lêste 10 kilometer net iens ride. Hy einige op de 1.500 meter as achtste, wêrtroch't er njoggende waard yn it klassemint. Allinnich de bêste acht riders mochten de lêste ôfstân ride. Ek foar Jur Veenje, dy't njoggende waard op de 1.500 meter, siet it toernoai derop earder op.
Louis Hollaar, dy't nei de earste twa ôfstannen twadde stie yn it klassemint, hat him foar de slotdei fan it NK ôfmeld.

Klassemint nei alle fjouwer ôfstannen

500 meter 5.000 meter 1.500 meter 10.000 meter Punten
1. Marcel Bosker 37,22 (6) 6.16,50 (1) 1.46,60 (1) 13.13,38 (3) 150.072
2. Beau Snellink 37,81 (11) 6.17,31 (2) 1.48,30 (5) 12.58,29 (1) 150.555
3. Kars Jansman 37,98 (12) 6.18,48 (3) 1.48,26 (4) 13.10,49 (2) 151.438
4. Chris Huizinga 37,32 (8) 6.23,42 (4) 1.48,32 (6) 13.40,27 (5) 152.782
5. Tjerk de Boer 36,20 (2) 6.35,32 (12) 1.46,87 (2) 13.54,24 (6) 153.067
9. Marwin Talsma 38,75 (18) 6.31,40 (8) 1.49,29 (8) - 114.320
11. Jur Veenje 37,29 (7) 6.45,21 (17) 1.49,99 (9) - 114.474