Sonny Stevens hâldt syn doel skjin: "Echt als team verdedigd"

Cambuur stie op besite by AZ sântich minuten lang ûnder druk, mar de ferdigening stiet as in hûs: it bleau 0-0. "Ik ben ontzettend trots", seit doelman Sonny Stevens.
Stevens wie in soarte 'hânbalkeeper' by in grutte kâns foar Dani de Wit:
It wie foar it earst sûnt 31 oktober dat Cambuur de nul hold. Doe op besite by RKC. "We hebben alleen maar onder druk gestaan", seit Stevens. "Als team hebben we echt verdedigd."
De earste tweintich minuten koe Cambuur noch hiel goed meikomme mei AZ, dat de lêste njoggen wedstriden just wûn hie. "We weten dat we kunnen inzetten, maar we weten ook dat we heel goed kunnen voetballen. En dat willen we laten zien. Als zoiets niet lukt, dan kunnen we altijd nog inzakken."

Goal sa lyts mooglik meitsje

Dat barde dêrnei dus. Yn de earste helte noch sûnder in soad grutte kânsen fuort te jaan, mar yn de twadde helte waard de druk fan AZ hieltyd grutter.
Tsien minuten foar tiid wie de grutste kâns foar AZ, doe't Dani de Wit opdûkte foar Stevens. "Hij nam de bal aan, het werd een beetje een scrimmage. Uiteindelijk komt-ie op het 'pannetje'. Ik probeerde m'n doel zo klein mogelijk te maken, m'n handen omhoog en hopen dat-ie tegen m'n handen aankwam. En gelukkig gebeurde dat."

Bosschaart wiis mei sa'n keeper

Assistint-trainer Pascal Bosschaart is tige wiis mei in doelman as Sonny Stevens. "De credits gaan naar de hele ploeg, maar we mogen heel blij zijn met zo'n keeper."
Bosschaart is tige grutsk oer hoe't elkenien meiferdigene hat:
Krekt as Stevens is Bosschaart hiel grutsk op syn ploech. "We staan verdedigend goed. Niet alleen onze verdedigers leggen er veel energie in, ook onze middenvelders en aanvallers doen dat om een goal tegen te houden."

Gjin skande om te ferdigenjen

Cambuur is in ploech dy't graach oantreklik fuotbal spilet en 90 minuten lang gas jout. "Het woord 'verdedigen' is altijd een beetje lastig voor ons", jout Bosschaart ta. "We willen altijd op de aanval spelen, hoog druk zetten. Nu heb je een keer een wedstrijd dat je moet verdedigen tegen een ploeg die volgens mij tot de besten in de eredivisie behoort. Het is geen schande om hier een keer een helft te moeten verdedigen."
Wij zijn geen 'promovendus' meer, we zijn eredivisieclub.
Pascal Bosschaart
It wie in grut ferskil mei de wedstriid yn oktober, doe't Cambuur op it eigen fjild - yn Bosschaart syn wurden - fuortspile waard troch AZ. Is Cambuur safolle better wurden? "We proberen elke dag op de training beter te worden", seit Bosschaart. "Alles doen we 100%. Dat vragen we ook van de spelers. Ik denk dat we een heel goed team hebben."
In team dat syn plakje yn de earedivyzje fûn hat, safolle is wol dúdlik. "Henk zei het deze week heel treffend: iedereen heeft het over de promovendus. Maar wij zijn geen 'promovendus' meer, we zijn eredivisieclub."

Sylla beseft it noch net

Noch in ljochtpuntsje oan de kant fan de Ljouwerters: it debút fan Sekou Sylla. De linksback spile syn earste 57 minuten yn de earedivyzje. "Het besef is er nog niet."
Sylla kin weromsjen op in prima debút:
It wie in 'stabyl' debút, fynt er sels. "Ik maakte een paar kleine foutjes, maar iedereen vond dat ik het uitstekend heb gedaan. Deze lijn vasthouden dus."
"Vanaf minuut 1 denk je 'ik moet het laten zien, m'n taken uitvoeren, niets fout doen'. Dat blijft de hele wedstrijd in m'n hoofd."
Nei in lyts oere waard Sylla wiksele. Oan de iene kant om dat er wat lêst fan it ankel hie, mar hy spile ek mei in giele kaart. Yn de earste helte hie er in oertrêding op Vangelis Pavlidis makke. "Z'n aanname was niet goed, de bal was iets voor hem uit. Ik dacht dat het een goed moment was om de bal te veroveren."

Tempo leit heger

Doe fernaam er dat it tempo yn de earedivyzje wat heger leit as yn de earste divyzje, dêr't Sylla oant begjin jannewaris noch spile. "Ik was net te laat en raakte z'n knie. Een terechte gele kaart, maar dat heeft met gretigheid te maken."
Nei syn wikselbeurt siet Sylla net grutsk werom te sjen op syn debút. Hy bleau mei de wedstriid dwaande. "Aan de zijkant liep ik de hele tijd spelers te coachen: doorgaan, doorgaan, doorgaan! Ze deden het uitstekend en we bleven goed staande."