Titus Brandsma Hûs wer iepen: "Plek van ontmoeting en bezinning"

Nei njoggen moannen yngreven ferbouwe is it Titus Brandsma Hûs yn Ljouwert wer iepen. De parochy fan de Sint-Bonifatiustsjerke is opfrist, mar ek in stik tagonkliker makke.
It Titus Brandsma Hûs is wer iepen:
De pastorij fan de Sint-Bonifatiustsjerke is modernisearre. Koartlyn wie it net mear as in opslachhok fan de parochy, no is it in pronkstikje. De ferbouwing fan oardel miljoen euro moat foar in part weromfertsjinne wurde troch de ferhier fan nije apparteminten op de twadde ferdjipping. Ek de provinsje betelle in part, mei de gedachte dat de hiele buert fan it Titus Brandsma Hûs profitearje kin.

Nammeboerd ûntbleate

It Titus Brandsma Hûs waard freed troch pastoar Bert van der Wal ynseine. Deputearre Klaas Fokkinga ûntbleate it nije nammeboerd boppe de tagong fan it hûs.
Op it stuit wurdt de lêste hân noch oan it gebou lein. It idee is it hûs in moetingsplak wurdt foar minsken yn de buert. Bestjoerslid Frans Jansen fan de St. Vitusparochie: "Dat ze hier allemaal binnen kunnen komen voor een kopje koffie en een praatje."
Foar arsjitekt Thomas Steenstra fan Adema Architecten yn Dokkum wie it in feest om oan it monumintale pân te wurkjen: "Heel bijzonder natuurlijk, om dit pand te revitaliseren tot een plek van ontmoeting en bezinning in de stad."
It gebou waard earder brûkt as hospitaal. De lêste jierren wie it slim fertutearze en tsjinne it as opslachhok fan de parochy. Steenstra hat besocht om de skiednis sjen te litten yn it ûntwerp. It meast grutsk is hy op de draaitrep: "Bij de oorspronkelijke oplevering liep die trap tot in het souterrain. In de tijd is die weggehaald, maar we hebben hem nu teruggeplaatst."