Stellen auto crasht op oprit Wâldwei by Ljouwert yn sleat, ien persoan ferwûne

By de oprit fan de N31 by Ljouwert (de Wâldwei rjochting Drachten) is sneontemoarn in stellen auto yn de sleat bedarre. De bestjoerder is mei ferwûnings oerbocht nei it sikehûs.
© Noordernieuws
It ûngelok barde om sawat kertier oer njoggenen. De auto ried doe rjochtút yn in bocht. Meardere helptsjinsten en een traumahelikopter waarden oproppen fanwege it ûngelok. De oprit hat in skoft ôfsluten west. De brânwacht hat de persoan derút helle. Dy is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.
De oarsaak fan it ûngelok is noch ûndúdlik. In wykplysje yn Ljouwert twittere earder sneontemoarn om út te sjen nei in sulverkleurige stellen Ford Ka, Letter waard befêstige dat de auto fan it ûngelok de stellen auto wie.