Liveblog | 22 jannewaris 2022

Coronanijs 22 jannewaris: 'OMT advisearret weriepening hoareka'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Neffens boarnen yn Den Haag advisearret it OMT de weriepening fan de kultuer en hoareka oant 20.00 oere;
  • Der binne sneon 1.563 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, mar der wie wol in steuring;
  • Lanlik giet it om 46.219 nije besmettingen;
  • Tsientallen fandalen fan de 'avondklokrellen' ha noch gjin skeafergoeding betelle

    Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 22 jannewaris 2022, 16:52
22:21

Oant safier

Dit is de ein fan dit liveblog. Moandei is der wer in nij liveblog. Tank foar it folgjen.
16:42

De hoareka reagearret op it lêste advys fan it OMT:

-
16:04

1083 coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen

Der lizze op it stuit 1083 coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen. Dat binne der 25 minder as juster, doe gie it om 1108. Op de ic's lizze 287 coronapasjinten, meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Juster wiene dat der 287.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Yn de sikehûzen binne 124 nije coronapasjinten opnaam op de ferpleechôfdielingen yn de ôfrûne 24 oeren. Op de ic's kamen acht nije pasjinten binnen.
It tal pasjinten dat opnommen wurdt yn de sikehûzen rint wer op. De sikehûssifers nimme lykwols noch hieltyd ôf, om't mear minsken it sikehûs ferlitte as dat er minsken opnommen wurde.
15:32

RIVM: 1.563 nije coronabesmettingen, trochsneed foar it earst boppe de tûzen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.563 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Troch in steuring by it trochjaan fan de sifers fan de GGD's oan it RIVM, kinne dat oantal wat fertekene wêze.
Freed waarden 1.643 besmettingen meld. Al dagen hat it RIVM lest fan de steuring, wêrtroch't de sifers dizze dagen bot skommelje.
© Omrop Fryslân
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen jout in better byld. Yn Fryslân leit dat deistige trochsneed no op 1.033 besmettingen. Freed lei it noch op 928 besmettingen, in wike lyn op 831. Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Neffens de lêste sifers fan it RIVM binne der ek gjin Friezen opnaam yn it sikehûs.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 46.219. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 41.711.
15:12

Koninklijke Horeca Nederland is wiis mei advys OMT oer weriepening

Koninklijke Horeca Nederland is wiis mei it útlekte advys fan it Outbreak Management Team, dêr't yn stiet dat de hoareka- en kultuersektor oant 20.00 wer iepen kinne. Dat seit in wurdfierder fan KHN yn in reaksje. De weriepening sil dan wol plakhawwe ûnder strange betingsten. It giet dan bygelyks om in beheind tal besikers, it gebrûk fan coronatagongsbewizen en ferplichte sitplakken.

KHN pleite der de ôfrûne tiid foar dat de hoarekasaken oant 22.00 oere gasten nei binnen litte kinne. Mei de slutingstiid fan 20.00 oere út it advys fan it OMT, bliuwt de nachthoareka foarearst wol ticht, seit KHN.

"Voor ondernemers die hun zaak nog gesloten moeten houden, bijvoorbeeld Clubs & Nightlife-bedrijven, of geen tot nauwelijks inkomsten hebben, is er nog steeds geen perspectief", skriuwt Koninklijke Horeca Nederland, dat der ek op wiist dat hotels en cateraars it mei de nije maatregels noch altiten swier ha.
14:36

Tsientallen fandalen fan de 'avondklokrellen' ha noch gjin skeafergoeding betelle

Tsientallen fandalen ha gjin skeafergoeding betelle, nettsjinsteande har feroardieling foar belutsenheid by de coronarellen fan begjin jannewaris 2021. Dat meldt RLT Nieuws. De rellen fûnen begjin 2021 plak yn ferskate grutte Nederlânske stêden, fanwegen de ynfier fan de jûnsklok. Yn Fryslân bleau it rêstich.
Neffens RTL is it net altiten bekend wêrom't in diel fan de fandalen de skeafergoeding net oermakke hat. By 44 gefallen komt dit trochdat justysje gjin fûns oprjochte hat foar de transaksjes.
Der binne neffens de nijsstjoerder yn totaal 312 dieders feroardiele foar de rellen. Yn 20 persint fan de gefallen leine rjochters in skeafergoeding op.