Maarten Goudzwaard nei de Twadde Keamer: "Gjin spyt fan oerstap nei JA21"

"Ik haw gjin momint spyt hân fan myn oerstap", seit Maarten Goudzwaard. Hy gie begjin ferline jier fan Forum voor Democratie nei JA21. Foar syn nije partij mei er takom maitiid in skoftke de Twadde Keamer yn.
© Omrop Fryslân
Goudzwaard sit fan 11 maart ôf fjouwer moannen yn de Twadde Keamer. Hy ferfangt tydlik Nicky Pouw-Verwij, dy't mei kreamferlof giet.
Nei de ferkiezingen wie der krekt net in sit foar him, om't er krekt te leech op de list stie. No mei er dus dochs efkes nei Den Haag. Tydlik, al hat in fêst Keamerlidmaatskip ek wol wat. "Dat liket my fantastysk."

Kombinearje

Goudzwaard kombinearret it Keamerlidmaatskip mei it lidmaatskip fan de Fryske Provinsjale Steaten. "It wurdt in ôfgryslik drokke perioade: wurkwiken fan 60-70 oeren." Mar it is net om 'e nocht, want as Goudzwaard syn sit yn de Steaten opjout, giet dy nei Forum voor Democratie.
Maarten Goudzwaard wol benammen it JA21-belied kontinuearje yn de Twadde Keamer:
Goudzwaard krijt in swiere portefúlje. "Ik hâld my ek dwaande mei it wendossier. Ik mei ús oanfalsplan presintearje." Op de eftergrûn is er dêr al hurd mei dwaande. "Ik wurkje no al in tal dagen yn de wike yn Den Haag as beliedsmeiwurker."

Ynset foar Lelyline

Goudzwaard hopet wat foar Fryslân te betsjutten. "It oanfalsplan foar it wenjen kin ek syn útwurking yn Fryslân hawwe. Ik sil ek sjen nei wat ik betsjutte kin foar de lobby foar de Lelyline. Wy leauwe echt yn in it fersimpeljen fan prosedueren en regeljouwing. De Lelyline kin echt in oanfolling wêze. It kin in braindrain fan minsken út Fryslân tsjingean."

Ferromming

It coronadossier falt ek ûnder syn wjukken. Hy wurdt alle wiken bypraat troch Pouw-Verwij, dy't dokter is. Goudzwaard hopet dat de hoareka en kultuer sa gau as mooglik iepen kinne. "It wurdt tiid. Wy komme no echt yn in endemyske faze, it tal IC-opnamen nimt ôf, minsken wurde minder faak siik. Dus ik hoopje dat der tiisdei ek echt wat barre sil."
Goudzwaard koe him net mear fine yn de koers fan Baudet en it Forum-bestjoer:
Trije jier lyn waard Goudzwaard listlûker foar Forum voor Democratie. Yn novimber 2020 wie der lanlik opskuor: de jongereinôfdieling fan Forum kaam yn opspraak nei rasistyske, antysemityske en homofobe berjochten.
Goudzwaard makke bekend op te stappen as Thierry Baudet by de partij bleau en de Fryske fraksje splitste him ôf. In pear moannen letter presintearre JA21 Goudzwaard op de kandidatelist.

JA21: in rjochts-konservatyf lûd

Goudzwaard: "Ik haw gjin momint spyt hân fan myn oerstap. Ik haw it idee dat ik in goed beslút makke haw. JA21 makket in sprong yn de peilingen, by dy fan I&O steane wy no op tsien sitten. De minsken yn Nederlân hearre hieltyd mear ús rjochts-konservative lûd en dat wy konstruktyf polityk bedriuwe wolle."
Yntusken is Forum voor Democratie oan it radikalisearjen, tinkt Goudzwaard. "Salang't Thierry Baudet oan it roer stiet, komt der net in soad konstruktyf gedrach nei bûten ta. Ik tink dat eltsenien dy't krityk hie, soarchfâldich út de partij wurke is."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Maarten Goudzwaard.
Goudzwaard tinkt wol te witten wêr't it oan lei. "As je in nije partij begjinne, der gjin deugdlik bestjoer is en der ien is dy't syn eigen ideeën boppe dy fan in oar stelt, giet it gau mis."

Forum-aventoer mislearre

It Forum-aventoer is mislearre, konkludearret Goudzwaard. "Forum hat op it hichtepunt 28 sitten hân. Dêr binne no noch fiif fan oer. It wie yn it begjin in prachtige beweging dy't in soad minsken oanspruts. Dêr is net in soad fan oerbleaun."
Minsken fiele harren net mear sa thús by partijen as it CDA of de VVD en sykje harren heil by BoerBurgerBeweging, Volt of JA21.
Maarten Goudzwaard
Goudzwaard erkent dat der hjoed-de-dei in soad ôfsplitsingen en lytse partijen yn de Keamer sitte. "Der is fersplintering. It wurdt hieltyd dreger om in koälysje te foarmjen. Dat is no de tiidgeast. Minsken fiele harren net mear sa thús by partijen as it CDA of de VVD en sykje harren heil by BoerBurgerBeweging, Volt of JA21."
Troch de lytse partijen is it foarmjen fan in kabinet dreech wurden, sjocht Goudzwaard:
Oft der echt takomst is foar alle nije partijen, doart Goudswaard net te sizzen. "Ik tink dat wy oer in pear jier sjen moatte wat sy echt leverje en hoe konstruktyf oft sy binne. Dant is it oan de kiezer."
Yn syn eigen partij JA21 hat er wol betrouwen. "Wy moatte de provinsjes yn. As it kin, komt op 4 febrewaris de foltallige Keamerfraksje mei Annabel Nanninga del foar in wurkbesite en event. Ik haw it idee dat wy stadichoan fierder bouwe."
De cartoon fan Gerco van Beek oer Maarten Goudzwaard © Omrop Fryslân