Trije jonges ferwûne by botsing tsjin beam en stek by Hurdegaryp

Op de Simmerwei by Hurdegaryp binne yn de nacht fan freed op sneon trije jonge manlju ferwûne rekke, fan wa ien slim ferwûne. Harren auto botste op in beam en in stek by in wenhûs.
© Camjo Media, Robert Jan Boonstra
In jongeman fan 19 jier út de gemeente Ljouwert en in 18-jierrige út Tytsjerksteradiel binne yn sân hasten mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In fan harren moast nei it UMCG yn Grins, de oare nei it MCL yn Ljouwert. De tredde, in jonge fan 16 jier út Tytsjerksteradiel, kaam der mei licht ferwûnings fanôf. Hy is ek nei it sikehûs brocht.
It ûngelok barde om healwei twaen nachts hinne. De auto rekke yn de slip, wêrnei't de botsing folge.