Fêste gasten camping Noardwâlde poerlilk: nije eigeners skrasse 120 plakken

By in groep fêste gasten fan famyljecamping De Hanestede yn Noardwâlde is grutte argewaasje. Sa'n 120 húshâldings reitsje harren fêste steanplak kwyt, no't de nije eigeners de ferhier fan al dy plakken opsein hawwe.
© Hennie Hospes
De besitters fan in steancaravan wurdt frege om harren plak foar 1 april leech op te leverjen. Wa't dat docht krijt 'út coulance' in fergoeding fan 1.500 euro. Wa't net foar 1 maart op it opsizzen fan de hier reagearret, kin juridyske stappen ferwachtsje.
De nije eigeners binne James en Suzette van der Velden en Tom Caron. Se neame harsels trije jonge ûndernimmers mei in eftergrûn yn de hoareka, ynterieurdesign en marketing.
De drie nieuwe eigenaren schrijven dat zij een droom hebben, maar de dromen van 120 families gooien ze weg.
Hennie Hospes, 33 jier fêste gast op de camping
Hennie Hospes út Ljouwert hat al 33 jier in fêst steanplak op camping De Hanestede. De camping is in diel fan har libben. Se fynt dat de nije eigeners net sa omgean kinne mei minsken dy't al tsientallen jierren in fêst plak hiere. "Dat dit no zo drastisch gaat vind ik schandalig", seit frou Hospes.
"De drie nieuwe eigenaren schrijven dat zij een droom hebben, maar de dromen van 120 families gooien ze weg." Frou Hospes neamt it ek nuver dat de trije nije eigeners net te berikken binne en sels harren efternamme net jouwe.
Omrop Fryslân hat besocht kontakt te sykjen mei de nije eigeners, mar sûnder sukses.
Se fynt dat lêste mar ûnfatsoenlik. "Ik hoop dat ze elke nacht wakker liggen. Dit moet toch tegen je geweten ingaan, om zo met mensen om te gaan?"
De nije eigeners fan De Hanestede litte yn harren brief witte dat se de camping dit jier ferbouwe en op 'e nij ynrjochtsje sille. De fêste steanplakken passe net yn harren plannen.

Net it iennige gefal

It bart de lêste tiid geregeld dat fêste steanplakken op campings ferdwine om bygelyks plak te meitsjen foar lúkse húskes, want dêrmei kin in ûndernimmer mear fertsjinje.
Frou Hospes hat dit sels ek al earder meimakke op It Amelân, dêr't de steancaravan fan har mem fuort moast foar fakânsjebungalows. It falt net ta om in alternatyf steanplak te finen. "Het afgelopen jaar zijn er in Fryslân wel zo'n duizend staanplaatsen opgeheven."
Hennie Hospes út Ljouwert stiet al 33 jier op camping De Hanestede yn Noardwâlde
Frou Hospes fynt dat der wol romte bliuwe moat foar dizze foarm fan rekreaasje. "Ik ben hier meer dan dertig jaar geleden mee begonnen, omdat we toen met kleine kinderen op een flatje woonden. Dan is er niks mooier dan in het weekend en in de vakantie naar de camping gaan. Straks kan dit niet meer, omdat zulke campings niet meer bestaan. Een week in een bungalow kost wel duizend euro en dat is voor gewone mensen niet op te hoesten. De nieuwe eigenaars zijn gewoon geldwolven. Zo zie ik het."