Mear ûnfrede by bewenners needopfang Ljouwert: "De lontjes worden korter"

Flechtlingen yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert hawwe hieltyd mear muoite mei harren wensituaasje, jout it COA oan. Bewenners misse privacy en hawwe problemen mei lûdsoerlêst.
Needopfang foar flechtlingen yn it WTC yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
"Na een paar maanden in de noodopvang begint het steeds moeilijker te worden", jout Jacqueline Engbers oan, wurdfierder by it COA. "Een paar weken wonen in een noodopvanglocatie is oké, maar een paar maanden is niet te doen. Niet zonder uitzicht op een betere plek, althans", vertelt Engbers.

Spanningen

De earste flechtlingen kamen begjin novimber oan. Yn totaal wenje der no sa'n 600 flechtlingen. Nei in moanne die út petearen mei flechtlingen al bliken dat der sprake wie fan spanningen yn de hal.
Bewenners hiene te lijen fan lûdsoerlêst om't oaren oant let yn de nacht oan it gokken, tafelfuotbaljen en -tennisjen wiene. Troch de iepen romten is der net in soad privacy yn de hal. De measte klachten geane dus ek oer in brek oan privacy en lûdsoerlêst. Ek misse bewenners de mooglikheid om sels iten te sieden.
In keamer yn de needopfang © Leo Middelsé, Lennard Jan Geerts
In soad húshâldens hawwe mar in lytse beurs en moatte faak 'nee' ferkeapje oan de bern. "Daarom kijken we hoe we mensen toch meer invloed kunnen geven, of meer activiteiten kunnen aanbieden."

Trochstream wol net

Dochs merke meiwurkers dat de situaasje syn wjerslach hat op de bewenners. "Spanningen nemen toe en lontjes worden korter", seit Engbers. "We proberen van alles om de mensen zich beter te laten voelen, maar het is moeilijk, want we kunnen de mensen niet naar een reguliere locatie verhuizen."
Dat komt om't it COA in tekoart oan opfangplakken hat. Statushâlders kinne min trochstreame nei in wente. Ek de gemeente Ljouwert rint efter mei it húsfêstjen fan statushâlders.