Fier krijt soad reaksjes nei útstjoering oer The Voice: "Noch in soad wurk te dwaan"

It lanlik ekspertize- en behannelsintrum Fier yn Ljouwert hat in hiel soad reaksjes krigen nei oanlieding fan de útstjoering fan BOOS oer The Voice of Holland. "It docht bliken dat it in grut maatskiplik probleem is."
Om trije oere nachts wiene meiwurkers fan Fier noch hieltyd oan it chatten:
"Sa gek as it no wie, dat hawwe wy noch nea meimakke. Wy wiene taret, ma sa mâl hiene wy it net ferwachte", seit wurdfierder Willemijn van Dam fan Fier.

Oant 3.00 oere nachts oan it chatten

Fier hie tongersdeitejûn trije kear safolle meiwurkers op de chat as gewoan. Helpferlieners hawwe oant 3.00 oere yn de nacht oan it chatten west. Fier wit it krekte oantal reaksjes troch de drokte noch net, mar sy meitsje it oantal letter noch bekend.
"Us minsken hiene suver reade eagen fan it wurk. Dus wy moasten op in gegeven stuit ek rêst nimme. It is no efkes bytanke en dan sette wy letter op de dei wer útein. Wy ferwachtsje dat de drokte noch wol efkes oanhâldt", jout Van Dam oan.
It is goed dat dit oan de oerflakte komt.
Wurdfierder Willemijn van Dam fan Fier
It lit neffens Van Dam te sjen dat seksueel grinsoergeand gedrach in folle grutter probleem is as tocht. "It is hiel goed dat der mear omtinken komt foar dit ûnderwerp. Ast sjochst wat der op ús chat foarby komt, dan docht ek wer bliken dat it sa'n grut maatskiplik probleem it is. En dat it alle groepen yn de mienskip rekket."
Dêrom is it goed dat it no oan de oerflakte komt, fynt Van Dam. "Mar we ha ek noch in soad wurk te dwaan."
© ANP
De ferhalen dy't de helpferlieners te hearren krije, binne hiel wikseljend. "Yn guon gefallen aktuele problemen, mar ek minsken dy't troch de útstjoering triggere binne. Dat der wat nei boppen komt wat se hiel lang lyn al meimakke hienen."
Yn de útstjoering fan BOOS komme meiwurkers en âld-dielnimmers fan The Voice of Holland nei foaren mei ferhalen oer seksueel wangedrach by it programma. De beskuldigingen binne rjochte oan de coaches Ali B en Marco Borsato en bandlieder Jeroen Rietbergen.
By Fier besykje se de minsken op allerhande wizen te helpen. "Ast wat meimakke hast dêr'tst lêst fan hast, oer twivelest of in ferfelend gefoel oer hast, dan kinst bygelyks kontakt opnimme mei chatmetfier.nl. Dêr kinst anonym dyn ferhaal dwaan."

Lústerje, meitinke en eventueel fierder helpe

Dan sitte de helpferlieners klear. "Se lústerje yn earste ynstânsje, mar se kinne ek mei dy meitinke: wat is hjir krekt bard. En ast wolst, wat binne dan ferfolchstappen dy'tst eventueel nimme kinst? It is in leechdrompelige earste stap."
Fier yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
En dus ha se by Fier noch genôch te dwaan. "Ik tink dat de drokte noch wol even oanhâldt. Yn de media giet it ek noch hieltyd oer de útstjoering fan BOOS, dus dy drokte sil noch wol even bliuwe."
Hast ek ferlet fan in plak om dyn ûnderfinings kwyt te kinnen? Dan kinst op chatmetfier.nl terjochte by meiwurkers fan Fier. Se sitte fan 16.00 oere ôf klear.