Soad nije besmettingen ûnder skoalbern, GGD set minder boosterprikken

De besmettingen ûnder skoalbern rinne rap op, no't skoallen wer iepen binne. By de leeftiidsgroepen fan 40 jier ôf rint it tal besmettingen werom.
© ANP
Yn de leeftiidsgroep fan 4 jier oant 12 jier is it tal besmettingen yn ferliking mei foarige wike ferdûbele, by bern fan 12-18 jier giet it om in groei fan 60 persint. Fanwegen mear as trije besmette learlingen yn in klasse moasten dizze wike 130 groepen en klassen yn it basis- en fuortset ûnderwiis yn karantêne.
By oare leeftiidsgroepen sjocht de sûnenstsjinst just minder besmettingen as in wike lyn. Allinnich yn de groep 30- oant 40-jierrigen wie der in lytse groei yn it tal besmettingen. Ferline wike sei GGD Fryslân dat it ôfnimmen fan it tal besmettingen by 60-plussers in effekt wie fan de boosterkampanje.

Minder boosterprikken

Der binne de ôfrûne wike minder boosterprikken set troch de GGD. It giet om sa'n 11.000 boosterfaksinaasjes. Ferline wike sette de GGD noch mear as 37.000 boosterprikken. Yntusken hat GGD Fryslân mear as 275.000 boosterprikken set.