Liveblog | 21 jannewaris 2022

Coronanijs fan 21 jannewaris: 1 op 75 Nederlanners op it stuit besmet mei coronafirus

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne freed 1.643 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân;
  • Lanlik giet it om 57.549 nije besmettingen;
  • Rutte "gematigd optimistisch" oer ferrommingen;
  • It tal minsken dat elke dei fanwegen Covid-19 opnommen wurde moat yn it sikehûs rint op;
  • De Direkteuren Publike Sûnens fan de GGD'en wolle dat it karantênebelied foar skoalbern ferromme wurdt.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 21 jannewaris 2022, 20:04
freed 21 jannewaris 2022
22:28

Ein fan dit liveblog

Dit is de ein fan dit liveblog. Moarn is der wer in nij liveblog mei al it coronanijs. Tank foar it folgjen.
19:53

KHN teloarsteld dat Rutte de hoareka gjin dúdlikheid jout

Koninklijke Horeca Nederland (KHN) is teloarsteld dat der foar it wykein gjin dúdlikheid kaam is oer ferrommingen fan de coronamaatregels. Premier Mark Rutte woe yn de parsekonferinsje nei de ministerried allinnich sizze dat hy "gematigd optimistisch" is dat it kabinet tiisdei ferrommingen oankundigje kin. Dêrby wurdt as earste sjoen nei sektoaren dy't harren doarren noch sletten hâlde moatte, lykas de hoareka en de kultuersektor.
KHN lit witte dat út alle petearen dy 't it freed yn polityk Den Haag fierd hat, docht bliken dat "de seinen op grien stean foar in weriepening fan de hoareka". Fan 26 jannewaris ôf soe de sektor dan iepen meie oant 20.00 oere.
"Natuurlijk was het beter geweest om dit nieuws vandaag officieel bevestigd te hebben gekregen van het kabinet, want ondernemers moeten kunnen plannen, medewerkers inroosteren én inkopen kunnen doen", seit in wurdfierder.
18:11

RTV NOF seach by de pop-uppriklokaasje

17:43

FNV: thúswurkadvys ferromje as hoareka- en kultuersektor wer iepen kinne

It fakbûn FNV fynt dat it thúswurkadvys ek ferromme wurde moat as de hoareka- en kultuersektor takom wike wer iepen kinne soene. It bûn hat de yndruk dat in soad wurknimmers wol klear binne mei it thúswurkjen. Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW merkt ek dat in protte minsken it wol hân hawwe mei it thúswurkadvys, en fynt dat it advys dêrom ek "eindig" wêze moat.
In wurdfierster fan FNV jout oan dat wurknimmers dy't dat wolle bygelyks ien of twa dagen nei kantoar komme kinne moatte soene. "Bijvoorbeeld voor een teamoverleg, om een nieuwe kracht in te werken of om collega's weer eens te zien." Sy seit wol dat it kabinet ynskatte moat oft de ferrommingen mooglik binne. Mocht der romte komme foar bygelyks de hoareka, dan soe it neffens it bûn ek logysk wêze dat it kabinet wurknimmers yn 'e mjitte komt troch it thúswurkadvys wat oan te passen.
Premier Rutte sei freed dat tiisdei, de dei wêrop't de premier en soarchminister Kuipers in parsekonferinsje hâlde, neat oan it thúswurkadvys feroarje sil.
17:07

Rutte "gematigd optimistisch" oer ferrommingen

Premier Mark Rutte is "gematigd optimistisch" dat it kabinet tiisdei ferrommingen fan de coronamaatregels oankundigje kin. "Het ziet er echt wel beter uit dan een week geleden", sei Rutte nei syn earste parsekonferinsje nei de ministerried yn hast in jier.
De premier hat noch wol noed oer de "ongelofelijk hoge" besmettingssifers dy't it RIVM elke dei meldt. Rutte soe "heel graag in alle sectoren kleine stapjes doen", mar dat hinget ôf fan de besmettingssifers en de besetting yn de sikehûzen. Oan it thúswurkadvys sil yn elts gefal neat feroarje, sei er.
Tiisdei hâlde premier Rutte en soarchminister Ernst Kuipers wer in parsekonferinsje.
© ANP
16:01

Soarchminister Kuipers: 1 op de 75 Nederlanners besmet

Op it stuit is likernôch ien op de 75 Nederlanners besmet mei it coronafirus, seit soarchminister Ernst Kuipers. It tal minsken dat sa siik wurdt dat sikehûssoarch nedich is, bliuwt relatyf gelyk. Kuipers seit dat de útfal yn de maatskippij wol grut is.
It RIVM melde freed 57.549 nije coronabesmettingen, in nij deirekôr. It tal besmettingen rint sa hurd op dat de systemen it net byhâlde kinne. De efterstân is yn de ôfrûne fjouwer dagen oprûn nei om ende by 30.000 positive gefallen. Dy gefallen binne wol befêstige, mar noch net registrearre.