Ungelokken yn Olterterp en Beetstersweach, KNMI warskôget foar glêdens

By in ûngelok yn Olterterp is freedtemoarn in auto fan de dyk rekke en yn in sleat bedarre. Yn Beetstersweach kaam in auto tsjin in beam. Oarsaak yn beide gefallen nei alle gedachten de glêdens.
Ungelok yn Olterterp © Raymon Roersma / ProNews
Troch it opfriezen fan wiete stikken kin it lokaal glêd wêze op de diken, benammen yn it suden fan de provinsje. It KNMI jout oant 9.00 oere koade giel ôf.
Yn Olterterp rekke in auto yn 'e slip en bedarre dêrnei yn in sleat. Yn de auto sieten in mem en bern, dy binne earst opfongen yn it hûs by de sleat en letter troch de ambulânse meinaam. Hoe't se deroan ta binne, is net bekend.
Even letter rekke by Beetstersweach in automobilist de macht oer it stjoer kwyt. It slachtoffer kaam mei de sydkant fan de auto tsjin in beam oan en koe der net mear útkomme. De ambulânse en de brânwacht ha dêrby holpen. De automobilist is ek oerbrocht nei it sikehûs.